Weppers snein 26-7-2020
26 juli 2020Efkes Ballers ek no wer fol fjoer
31 juli 2020Traine
SDS 1 giet sneon 8 augustus wer los mei de earste training fan it seizoen. Dochs sitte sy net stil, want eltse tiisdei binne se op it skopfjild yn Wommels te finen om dêr in baltsje te traapjen. Kommende tiisdei sille sy dêr wer los.
Swimbad yn ‘e tún
De kommende dagen wurdt it waarm waar en kinne je it best mar wat yn in swimbadsje lizze. Omdat op 1,5 meter te dwaan is tsjintwurdich wat lestich, mar Frank Bervoets en Wiebe Heeres fan SDS 1 hawwe hjir wat op fûn. Sy ferkeapje swimbaden foar yn de eigen tún. Sjoch hjirûnder:
Sûnder fuotbaljen en dan mar meielkoar yn petear mei in bierke derby begûn it by ús te kriebeljen om in eigen ûndernimming te starten. Nei jûnen brainstormen, mailen, beltsies plege, rekkenje en oerlizze binne de swimbaden ynmiddels oankommen yn Wommels. Om yn te spyljen op it gemak foar de klant en op it wetter tekoart wat spilet, leverje wy komplete pakketten mei in kwaliteitsswimbad, ekstra goeie filterpomp, filter, chloor, teststrips en in ôfdeksyl. Mei dizze middelen hoeve je d’r neat mear by te keapjen en bliuwt it swimbad it hiele jier skjin. Dêrom hoeft it swimbad mar ien kear per jier fult te wurden. En foar jim, SDS’ers, komme wy it swimbad bringen en sette we it swimbad ek noch op. De swimbaden binne 400x211x81 cm. At jim winsken of fragen ha kinne jim altyd kontakt opnimme mei us opnimme of maile nei info.hbpools@gmail.com.
PC-wepper
Hjoed dochs noch in PC-wepper oftewol in junioaren-PC-wepper. Hjir dienen hjoed de SDS’ers Wessel Schraa en Luka van der Weg oan mei. Sy ferlearen beide yn de earste omrin.
Jacob-Klaas yn 2017 op de PC.
De nije SDS-League
No ’t de transferperioade oant 1 oktober rint hoopje wy begjin oktober los te kinnen mei de nije SDS-League.
Harsens derby (2240)
Ho!!
Tag a mate who this lad reminds you of 😂😳
(🎥 LeedsBeckettFC)#SundayLeague pic.twitter.com/5Vs8FyxOuW— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) July 29, 2020