Weppers moandei 27-4

Weppers snein 26-4
25 april 2009
Weppers tiisdei 28-4
28 april 2009

SDS 1 – Meppel 1
Henk Bootsma hat ôfrûne sneon wer moaie foto’s makke by SDS 1 – Meppel 1. Klik
hjir om se te besjen.

De oanfierder fan Meppel kin heger springe as Erik. Erik kin better gekke bekken lûke…… Feite besjocht it kritysk.

Midsimmercup 2009
In ploegje SDS’ers sil ek dit jier wer meidwaan oan de Midsimmercup yn Dronryp. Dit jier wurdt dat ferspile op sneon 13 juny. Dit wykein hat de lotting west mei foar as SDS as rissultaat it folgende:
Poule 7:
SDS
AVC
CSL
Futsal Marum
Futsal Cambuur
Sjoch
hjir foar de hiele lotting.

Clinic voor Jeugdkeepertrainers 
Waar:        Sneek Wit – Zwart
Wanneer:   Donderdag 14 mei 2009, aanvang 18.30 
Waarom:   Trainen van keepers is toch een vak apart? Daarom deze clinic. Via de praktijk worden tips en advies gegeven om de rol van keepertrainer (nog beter) in te vullen. 
Inhoud:    Wat moet een (jeugd)keeper op welke leeftijd leren. Hoe kunnen ze dit leren. Hoe kan dat uitgevoerd worden (apart of met anderen?). Hoe kunnen ze zich verder ontwikkelen? 
Programma: 18.30 Inleiding, 18.45 Praktijk met 5 E – pupillen keepers, 19.30 Praktijk met 2-3 keepers en 6-8 spelers D – pupillen, 20.15 PAUZE,
20.30 Nabespreken en vervolg / uitreiken materiaal en afsluiting. 
Opgeven via e-mail: ellen.boelen@knvb.nl uiterlijk 7 mei o.v.v. Naam / telefoonnummer / emailadres én dat je er ‘namens’ SDS Easterein heen gaat.
Ab Scheepvaart namen SDS-jeugd TC

Hast klear
SDS 1, 2 en 3 spylje kommende sneon harren lêste kompetysjewedstryd fan dit seizoen. SDS 2 mei dan noch efkes fierder yn de neikompetysje en alle oare teams fan SDS moatte noch in pear wedstriden spylje foar de kompetysje. Sa ’t it no stiet is SDS 6 de ploech dy as lêste út is. Sy spylje om tiisdei 26 maaie út tsjin Skearnegoutum. It kin ek SDS 2 wurde as sy de finale fan de neikompetysje helje. Dit soe dan op 30 maaie wêze. Sjoch
hjir foar it programma fan de kommende 4 wiken neffens de webside fan de KNVB. 

Fyts fuort
Wa is der sneon te nacht net op sien eigen fiets thús kommen? Dit is wat ik mei ôffreegje.
Doe ik sneon te nacht nei hûs ta soe,  stoen mien “lienfiets” net mear op ’t plak wer at hij stean moast. Ik sis lienfiets, want ’t wie net mien eigen fiets, derom soe ik um wol graag werom ha wolle. ’t Is een griene herenfiets, foar de rest wit ik net hoe at hij der ut sjocht. Ik wit nog wol dat der wat te grut foar mij wie. At ien dit lest en tinkt fan hé dit koe ik wolris west weze of wit wa at myn fiets lient hat, soe diegene dan contact op nimme wolle mei:
Sytze Kooistra
06 15 13 43 41

Skorst
Pepe fan Real Madrid hat 10 wedstriden skorsing oan ‘e broek krigen. Wat ús oanbelanget hie dit noch wol in pear jier langer wêze mochten:



Miskien letter mear!