Weppers snein 26-1

Programma sneon 25-1
25 januari 2014
Weppers moandei 27-1
27 januari 2014

SDS 1- Top ’63 1    1-2
At it nei 30 minuten 3-0 stien hie foar SDS dan hie dat in goeie ôfspegeling west fan de krêftsferhâldingen. SDS spile fol fjoer, mei in soad fariaaasje en de swakke ferdigening krige gjin fet op de oanfallers fan SDS. Goeie kânsen wêrfan ien op de latte levere úteinlik dochs in doelpunt op. It wiene Dirk Yde en Jelmer dy’t elkoar in pear oanspilen en it wie Dirk Yde Sjaarda dy’t it doelpunt makke. Dik fertsjinne en de twadde en tredde hiene ek falle moatten.
De 1-1 yn minút 25 kaam út de loft fallen en SDS rekke gelyk it goeie spul kwyt. TOP 63 kaam better yn it spul en de ploegen wiene mear gelykweardich.
1-1 wie de rêststân en de konkluuzje yn it skoft wie dan ek: it kin alle kanten út en it bliuwt net 1-1.
De bal fleach yndie yn de twadde helte alle kanten út mar dat wie mear fan de ûnmacht. Nei 15 minuten stapte SDS supporter Appie Posthumus mei grutte stappen nei de kantine en prottele: Ik kin it net mear oansjen.
Wa’t it noch wol oansjen koene, seagen TOP 63 op 1-2 kommen en segaen hast gjin kânsen foar SDS. Se seagen noch wol in dikke kâns foar TOP 63 en in goeie redding fan doelman Jaap Toering. Se seagen ek it neitraapje fan nûmer 7 fan TOP mar helaas seach de skiedsrjochter dat net. Ik haw begrepen dat de skiedsrjochter yn de útwedstriid foar SDS wie, dizze wie yn alle gefallen net foar SDS.
Nei 90 minuten gyngen de Top en Twelsters mei in goed gefoel nei Top en Twel. En der wie immen út Menaam, ferskûle yn in dikke wintermûtse, dy lake ek yn syn fûst. Hij is takem jier trainer fan TOP ’63 en seach ta syn ferbjustering dat der neat mear fan syn fuotbalkonsept te sjen wie fan de perioade dat hij trainer bij SDS wie.
SDS gjin punten en sjen nei ûnderen kin begjinne…
Aant

Foto’s
Henk Bootsma makke juster wer alderaardichste foto’s by SDS 1 – TOP 1. Sjoch hjir foar mear foto’s.

Jaap yn aksje

D1 sluit aan bij de top
D1 wint vrij makkelijk van TOP D1 vandaag. In het begin altijd weer even wennen aan de ‘snelle’ halvloer: toch anders dan het kunstgras.
Al gauw slaagden de jongens er in de bal lekker rond te spelen en op het juiste moment toe te slaan: 3 – 1, Aiso 2x en  Hendrik 1x met een schitterdende curve vanaf de achterlijn.
Sander hoefde slechts één keer te vissen na een mooie actie van de Top en Twellenaren.
De tweede pot, nu tegen Frisia, hetzelfde beeld. Aiso was fel en scoorde opnieuw, Nykele en Sietze Marten hielden achterin stand en Steven en Hendrik scoorden ook nog een keer. Dirk was stabiel achterin, Wessel gedreven op de mid en Jurjen nuttig voorin. Kortom, een mooie teamprestatie.
Doordat directe tegenstander voor de zaaltitel, Easterlittens de punten in Leeuwarden liet, nadert SDS de koppositie en wordt het een spannende finale met een echte streekderby!
Wij verwachten spandoeken, fakkels, ludieke acties op het plein in Easterlittens en bussen vol toeschouwers in Grou. Noteer het: 15 februari!
Tjerk
 

F1 op dreef
FVC F2 – SDS F1 1-3
Redmer W 0-1
Sjirk 0-2
FVC 1-2
Arjen 1-3

SDS F1-Frisia F4 1-1
Gjelt 1-0
Frisia 1-1

Op dit moment ha we de koppositie!

FR

Pupillen fan de dei

Jelmer Dijkstra út Wommels en Haye Hylkema fan Reahús wiene sneon de pupillen fan de wike. Sij sieten goed ynpakt yn de dug-out. Sij woene mei Tsjipke Klaas Okkema op de foto en dy moast hast ûnder de brûs wei helle wurde. 

SC Cambuur – SC Heerenveen
Guon SDS’ers sille hjoed fêst nei Ljouwert gean om dêr nei dé derby fan it noorden te sjen. De rest kin as it moat yn de Jimbar terjochte. Fanôf 12.30 kin dêr SC Cambuur – SC Heerenveen besjoen wurde op it grutte skerm.