Weppers snein 25-7-2021

Weppers snein 18-7-2021
18 juli 2021
Grafische Groep Van der Eems ek kommende 3 jier haadstiper vv SDS!
26 juli 2021

Yde Sjaarda

Juster berikte ús it berjocht dat troue SDS-supporter en Freon fan SDS Yde Sjaarda nei in koart siikbêd yn alle rêst ferstoarn is yn syn sliep. Wy winskje syn frou Annie en de bern en bernsbern in hiel soad sterkte ta mei it ferwurkjen fan dit ferlies.

Freed ôfskiedswedstriid Jacob-Klaas Haitsma

Kommende freed is de ôfskiedswedstriid fan Jacob-Klaas Haitsma. De wedstriid begjint om 19.00 oere en duorret twa kear in heal oere. Elkenien is fan herte wolkom. It wurdt fêst in spesjale jûn mei û.o. wat âld-trainers fan SDS 1, in ferlotting, in hapke en in drankje en fansels in pear sprekkers. No al nocht yn.

Utrikking ‘poedeltsiis’ SDS EK-League

Freed wurdt yn de rêst fan de ôfskiedswedstriid fan Jacob-Klaas Haitsma de Skylger tsiis útrikt oan de winner fan de poedelrpiis yn de SDS EK-League. Samme Overal komt spesjaal fan Skylge ôf om dizze ‘poedeltsiis’ persoanlik út te rikken oan Ate-Feike de Boer.

Beker

De KNVB is net hastich mei it bekend meitsjen fan de bekeryndieling en de kompetysjeprogramma’s e.d. Kommende freed wurdt de bekeryndieling fan SDS 1, 2 en Vr.1 al bekend makke.

Yndraafsjurtstiper socht

Foar de froulju fan SDS Vr.1 binne wy op syk nei in yndraafsjurtstiper. Liket it jo wat of witte jo ien lit it dan witte fia info@vv-sds.nl.

Wa wol dizze froulju no net stypje?

Nij buordsje

It kin dan wol simmerstop wêze, mar dat betsjut net dat wy as SDS stil sitte. Sa hinget der fanôf hjoed in moai nij buordsje by de tagong fan it sportpark.

De Tour de Fryslân

As alles wat meisit en de gemeente meiwurkje wol dan komt de Tour de Fryslân fan sc Heerenveen op sneon 14 augustus nei Wommels. Sc Heerenveen sil dan mei de nije spilersbus op de Terp of it skopfjild stean en der is fan alles te dwaan lykas û.o. in springkessen, flipperspul en in snelheid-sjitspul. Maskotte Heero sil ek meikomme en der binne sc Heerenveen-artikelen te krijen by de Feanstore. Set it mar fêst yn jim aginda!
Donkerbroek

Harsens derby (2307)

As je dit sjogge, wat begjint it dan dochs wer ûntiegelijk te kribeljen……