Weppers snein 18-7-2021

Einstân SDS EK league
12 juli 2021
Weppers snein 25-7-2021
25 juli 2021

Efkes Balje

Freed wiene de kreten “vreselijk”en “verschrikkelijk” de meast brûkte wurden op twitter.
Mei dy twa wurden witte je dat er wat oan de hân is.
Sloech it op de wetteroerlêst yn Limburch en omkriten of wie it de dea fan PR de Vries.
Of wiene der noch minsken dy’t foar oare dingen dy kreten brûkten. Lykas de maatregelen dy’t de EU nimme wol tsjin de klimaatferoaring of de waarmteweach yn Kallifornie. Of wie it in reaksje op in te lege straf foar ien of oare krimineel.
De beide wurden jouwe mooglik ek it gefoel oan fan dy 6 wrotters sûnder hesje dy’t er mar net yn slaggen om mear te skoaren as dy 5 mei hesje. Net fuortspile mar wol foar it eigen doel fuorttikke. In nederlaach mei twaduûbele sifers like der oan te kommen. Gelokkich waard der yngrepen en krigen de hesleazen in twadde kâns foar de finale. Ek doe slagge it net om de partij winnend ôf te sluten.
De finale wie de lêste kâns.
“Vreselijk en verschrikkelijk” hiene nei ôfrin dêrfan de krêfttermen wêze kinnen fan de 5 mei in hesje.
It alderlêste beslissende doelpunt wie foar de 6 dy’t suver tefreden fan it fjild stapten.
Freeslik en ferskriklik kin troch ien doelpunt fan partij feroarje.
Mei hesje: Lieuwe, Menno, Klaas, Jurjen en Theo

Sûnder hes: Wouter, Johan, Sipke, Kerst, Bonne en

Aant

Paraplu

It hat efkes duorre mar Okke van der Kamp hat syn paraplu ek krigen. It wie in treastpriis fan de SDS leaugue. Tagelyk mochten wij efkes yn ir plakboek fan Okke sjen, út syn tiid dat hij keeper fan Oudega wie en bij SDS yn de kompetysje siet. Wij pleatse no ien fan de kranteknipsels en letter krije de oare stikjes ek oandacht op de side.