Weppers snein 25-4

Utslaggen sneon 24-4
22 april 2010
Weppers moandei 26-4
25 april 2010

Pupillen fan de wedstryd

Steven Vellinga en Falco Jellema dy troffen it sneon. Sij mochten pupillen fan de wedstriid wêze en troch harren ynset wûn SDS fan BCV. Se woene mei “master” Tsjipke op de foto.

Ynskoppe
Da1 hiene harren ferklaaid en gyngen nei it B-fjild om yn te skoppen. “Dat wurdt him net dames” seit der ien fan it bestjoer want it earste moat dêr earst ynskoppe. “Wij binne ek it earste” seit Geertsje Spoelman en rint gewoan troch.

Bekerfinale
Fansels is der neat oan in bekerfinale mei allinnich mar “thússupporters”. Dan kinne je noch better nei de Jimbar om 18.00 om dêr de bekerfinale te sjen. Wy hawwe sawol út it Ajax- as it Feyenoordkamp heard dat beide supportersgroepen dêr hinne sille om der dochs noch in échte bekerfinale mei te meitsjen.

Linen

De ôfrûne wike like it net goed mei de linen. Troch de sânbulten wie der hast neat mear te sjen en dat joech seker bij de wedstriid SDS- Ouwesyl de nedige diskusje. Mar freed is alles wer “rjochtlutsen”. Theo Jelsma en Willem Twijnstra yn akje foar de kamera fan Henk Bootsma.

De geheimen fan de bestjoerskeamer
Tongersdeitejûn komme de lieders fan de sneioren alvetallen bijelkoar Ek ien of meardere bestjoersleden binne dan oanwêzich. Op sa’n jûn wurde de seleksjes gearstalt, de wrâldpolityk wurdt besprutsen en it wol en wee fan de leden wurdt besprutsen. It soe samar sa wêze kinne dat se it dêr hawwe oer ôffalle, oer blaue pillen, oer fibrators en oer tongersdei tejûn net drinke. Wij hawwe wat geruchten dêr oer heard, mar kinne der net krekt efter komme. Ek Enne Bruinsma oars in iepen boek foar ús hie gjin kommentaar: “dat binne de geheimen fan de bestjoerskeamer”

Ko-sponsers
Foarsitter Douwe Durk koe ôfrûne tongersdei ek noch bekind meitsje dat der twa ko-sponsers fêstlein binne neist van der Eems.
A. Hak en Accelent.

Wat seist?
Hjirûnder in foto fan Mark Postma yn de earmen fan Skelte Anema(of is it oarsom?). Wat sizze sy tsjinelkoar? Mail it nei info@vv-sds.nl. De leuksten komme yn de nije Treffer:

Skelte: “Tomme, Mark, do bist net te huffen……..”
Foto Henk Bootsma.

Foeilelijke sjurts (31)
De ôfrûne wike hong der samar in sjurt by ús oan de doar. En net samar in sjurt. In oergrizelik keepersjurt. Fan wa as der wie witte wy noch altiten net. Hy is yn elts gefal net fan ús Pieter:


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (201)
Wa makket him no? It wie yn elts gefal in omhaal:


Letter miskien noch wol mear!