Utslaggen en ferslagen 24-10
23 oktober 2009SDS League: Paul Reitsma pakt wykpriis!
26 oktober 2009Eindelik
24 oktober sil de skiednis yn gean as in histoarykse dei foar SDS 5. Nei 5 kear net trochgean, koe it no wer wurde. De foartekenen wiisden der al wat op. Klaas Kamstra hie in putsje, Marco Hoekstra moast wurkje en Jacob Plantinga wie der op út.
Op freed skatten de wepmasters it trochgean noch op 19,5 % mar nei dit berjocht fan Ids Grond fan Ouwesyl skeat it persintage omheech:
Omdat Piet P. fakansie het, sil der morn gyn regen falle.
Deurgaanskans foor Ouwesyl 3 teugen SDS 5 is dus 100%.
Ant morn!!
Ids Grond
laider Ouwesyl 3
Sjurts
At je sa lang net fuotballe ha, dan is it dreech om te efterheljen wa’t de sjurts fan SDS 5 meinommen hie foar in waskbeurt. En it is dan ferfelend dat krekt ien dy’t der net is, dy sjurts thús stean hat. En fan Jacob kinne je fansels ek net ferwachtsje dat hij de sjurts bij de lieder bringt, omdat hij der net is.
René Zijlstra lieder fan SDS 1 seach no lykwols skoan syn kâns. “Wij kinne hast net winne dit jier, soe dat ek oan de sjurtsjes lizze kinne, soene jim dy sjurts hjoed wol útprebearje wolle?”
Sa barde it dat SDS 5 yn de sjurts fan SDS 1 tsjin Ouwesyl spile. En René kin gerêst wêze, it leit net oan de sjurts want in 2-8 oerwinning mei der wêze.
Nei ôfrin op de foto op in hiel tapaslik plakje. Soe dit echt de nije anwas fan SDS wêze?
SDS 1 fierder yn de beker
Fansels is ek Siem Sikma wiis dat SDS 1 troch is yn de beker. Hy makke wer in fraai ferslach fan de winnende pot tsjin 6e-Klasser Marrum 1 (klik hjir).
SDS League
Moarn kinne jim hjir de “nije” stân fan de SDS League besjen. Sis mar de stân fan foarige wike. Woansdei of tongersdei komt dan de allernijste stân.
SDS 3
Soene de seleksje spilers fan it tredde 15 euro betelje wolle foar de lotten fan de grutte club actie en de freonen fan SDS? It mei oankommende wike op it trainen wol oerhandiche wurde mar it kin ek oermakke wurde op rek.nr. 337043787 t.n.v. Jan Stenekes o.v.v. Grote clubactie + je naam.
Jan
Bal fuort
Kees van der horst heeft donderdagavond na het trainen(achter de sporthal) zijn HEERENVEEN VOETBAL VERGETEN.
Heeft iemand hem gevonden of ergens neergelegd?
Kees tel. 579019
Moti100
Doe’t wij hjoed de oantekens fan juster nochris beseagen, kamen wij “moti100” tsjin. Nei efkes harsensskrabjen kaam it foar de geast: De lieders fan SDS 6 wiene net tefreden oer de útslach, mar wol oer de ynstelling fan de ploech. Motifaasje wie 100%.
Soe Dick……..?
Wat in goal makke dy trainer fan Grampus Eight, Dragan Stojkovic. Dizze foarmalige topfuotballer fan de Balkan hat yn syn fuotbalkarriëre machtige goals makke, mar dizze as koach is wol de allermoaiste. It koste him allinnich wol in reade kaart.
Tsjalling Sikma is wol benijd as Dick Schuurman dit ek kinne soe:
Moarn mear!