SDS League: Paul Reitsma pakt wykpriis!

Weppers snein 25-10
25 oktober 2009
Weppers moandei 26-10
26 oktober 2009

Hjir dan eindelijk de (âlde) nije stân fan de SDS League.

It wie Paul Reitsma dy ’t mei “Alle ballen op Elyounoussi” de wykpriis pakte. It is wat apart dat sûnt SC Heerenveen it net sa best docht yn de kompetysje der hieltiten mear seizoenkaarthâlders in doekje foar it bliedsjen krije yn de foarm fan wykprizen yn de SDS League. Yn wike 3 wie it Bram van Beem en yn wike 4 pakte Johan Delfsma noch de wykpriis.

Salou 2006 109.jpg
Paul kin ien drinke op de wykpriis….

In pear oare SC Heerenveensupporters gripe krekt njonken de wykpriis. Sawol “Peppi & Kokki”(Tom & Pieter) as “The Butchers”(Lolke Bouma) komme krekt ien puntsje te koart.

“Popov 4-ever” fan Bram van Beem leunt noch altiten efteroer op it earste plakje. Hy hat noch 5 punten foarsprong op de nije nûmer 2, “Op naar de top” fan Marten Faber dy ’t stadichoan tichterby komt.

Sytze Kooistra (“Atlético Ananas”) docht de reade lantearn wer oer oan syn neefke Doede Rients Okkema (“FC Supermario”).


Woansdei of tongersdei kinne jim hjir de allernijste stân fan de SDS League fine.

Sjoch hjir foar de âlde nije stân:
wike 5.