Weppers snein 25-1

Kick Off grut sukses
24 januari 2009
Weppers moandei 26-1
25 januari 2009

SDS 1 wint
SDS 1 hat juster de oefenwedstryd thús tsjin Makkum mei 4-1 wûn. It skoreferrin wie sa:
1-0 Dirk Yde Sjaarda
2-0 Tsjalling Sikma
3-0 Tsjalling Sikma
3-1
4-1 Dirk Yde Sjaarda
Wa ’t mear ynformaasje oer dizze wedstryd hat mei it ús maile.

Kick-Off
De Kick-off fan de SDS-jeugd wie juster in grut sukses. jim kinne der hjir alles oer lêze en besjen mei tank oan Aant.

SDS 5 in punt
SDS 5 hat neffens ús ynformaasje 1-1 spile tsjin Blauw Wit 8 en dat is net in min resultaat sjoen de stân.

SDS Froulju komme tekoart
De SDS-froulju moasten juster nei Ljouwert om tsjin Blauw Wit Da2 te baljen. Mei in stik as 5 famkes derbij stie der in leuk alvetal. Mar dat wie net genôch om Blauw Wit wer te ferslaan. It wie bij it skoft 7-0 en de einstân wie 9-1. Joutsen Okkema skoarde.

Feyenoord

Feyenoord pakte juster mar wer kreas in puntsje tsjin Willem II. Om Feyenoord yn de takomst de mooglikheid te jaan om wat djurdere en bettere(en hooplik net folfretten)fuotballers te keapjen wurdt de fans frege om allegear €10 te lapjen(sjoch hjir). Ûnder de SDS’ers levert dit dochs al gau €100 op. Rekkenje mar út; Marco H, Klaas O, Dirk-Yde, Durk O., Auke Buck, Aant, Geert H……..

Derby
Hjoed is de derby tusken Vitesse en NEC. Beide ploegen lizze mekoar net sa goed. Dit fûn Nicky Hofs fan Vitesse juster yn syn tún: