Kick Off grut sukses

Weppers sneon 24-1
24 januari 2009
Weppers snein 25-1
25 januari 2009

Sneontemoarn wie de Kick Off foar E, D en C pupillen op it B fjild. In oantal entoesjaste minsken wiene fan miening dat de twadde helte fan it seizoen (alteast it trainen) begjinne moast mei in Kick Off moarn. In oersicht.

It fjild
Nei al dat wetter op freed hie it spannend wêze kind at it no wol of net trochgean koe. It ferlossende wurd kaam fan Feike Jorritsma en Pier Faber. Sij seagen in prima A-fjild en in reedlik goed B -fjild.

E-pupillen
It begûn allegear mei de E-pupillen. Nei in waarming up 
diel 1 en diel 2 moasten sij in parkoer ôflizze mei de folgende ûnderdielen:

  • Balfeardigens
  • Penaltysjitte mei Egbert Bootsma yn it doel
  • Twa kear in partijtsje
  • Sjitte mei in snelheidsmeter

Alle ûnderdielen moasten yn ploechjes dien wurde. Mar foar it sjitten mei de snelheidsmeter wie der ek in individuele priis.

Utslach bij E-pupillen
Nr. 6 Twente mei 15 punten
Nr. 5 Ajax mei 17 punten
Nr. 4 Heerenveen mei 21 punten
Nr. 3 Feyenoord mei 25 punten
Nr. 2 AZ mei 27 punten
Nr. 1 PSV mei 33 punten
PSV bestie út Habtamu, Epke, Jitze, Simeon en Sybren

Hurdste skot
In attraksje wie de snelheidsmeter. Mei alle krêft dy’t se yn de fuotten hiene, besochten de Eetsjes de bal yn it midden fan it doel sa hurd mooglik tsjin it net oan te krijen. It waard in spannende striid. Watze van der Wal, Habtamu de Hoop en Jorrit Veldman einigen gelyk mei skoare 39. Yn in echte finale mochten sij it noch twa kear besykje.

Jorrit Veldman waard de winner.

C en D spilers
Yn de rin fan de moarn waard it noch folle drokker, want de C en D spilers mochten los foar it selde. Ek sij striden mei de selde nocht en wille om de prizen.

Bij it penaltysjitten stie Marten Faber yn it doel 

De winners
Yn dizze kategory wie de einstân sa:
6. 11 punten: Bayern
6. 15 punten: Barcelona
4. 18 punten: Arsenal
2. 20 punten: Real Madrid
2. 20 punten: Manchester
1. 21 punten: AC Milan


AC Milan bestie út de folgende toppers: Klaas Bouke, Christiaan, Foeke, Bote, Casper.

Snelheidsmeter
Der wie in echte “snelheidmaniak” bij de D’s. Jelle Jan Visser helle 43 op de teller.


Bij de C’s wie Sjoerd de Vries de topper. Mar leafst 55 seach hij ferskinen.

DVD’s
It wie in prima idee om yn de kantine in DVD te draaien fan ûnder oaren Bergkamp. De jeugd seach fol ferwûndering nei de 100 fan Bergkamp.

Ta beslút
En wat is der no moaier as de dei ôfslúte mei patat en drinken. In rpima moarn dy’t slagge is troch de aktive hâlding ynset fan de kommisje (Dirk, Klaas, Tsjipke en Robert) , ferskillende trainers en net te ferjitten patatbakkers.

Foto’s
At jim hjir klikke binne der noch sa’n 60 foto’s en 2 filmkes te sjen fan dizze slagge dei.