Weppers snein 24-11

Utslaggen sneon 23-11
22 november 2013
Vacature hoofdtrainer SDS1
25 november 2013

3a
SDS 1 spilet yn de tredde klasse A. Justermiddei is der al in wedstriid foarút spile. Oudehaske-Minnertsga  waard juster 0-3. Dêrtroch stiet Minnertsga yn punten gelyk mei Oudehaske.

F1 yn de beker
Spesjale oandacht foar it spannende ferslach fan Folkert Rients oer de bekerwedstriid fan F1. Sjoch bij útslaggen sneon.

Sponserjûn

Freedtejûn wie der in sponser- en freonenjûn, organisearre troch SDS. Sprekker wie Maarten de Jong. Noch in oantal foto’s kinne jim hjir sjen. 

8,9 of 10
Wylst de sinne folop skynde, reinde it sneon temiddei doelpunten yn Easterein. Ien fan de wepmasters koe it amper bijhâlde en hij doe’t hij nei hús fytste wie hij der net wis fan hoefolle MC 1 spile hie. Mar gelokkich seach hij de susters Hoekstra flakbij Wommels fytsen en frege harren wat de einstân wie.  9-0 sei de iene, 10-0 sei de oare. “Ik moat it wol goed witte oars komt it ferkeard op de side”,  wie it antwurd.
Oer 9-0 waarden se it iens en dat koe der op setten wurde.
Grut wie de ferbazing doe’t de skiedsrjochter jûns op twitter oanjoech dat it 8-0 wurden wie. Soene de froulju tinke dat sommige doelpunten dûbel telle?

Strafskoppen
It komt fansels net sa faak foar yn de jeugd dat in wedstriid echt mei strafskoppen beslist wurde moat. Utsein bij bekerwedstriden. F1 en A1 sieten beide noch yn de bekerstriid. Beide moasten de winst sneon nei in gelykspul yn de gewoane tiid. Bij F1 nimme se nei de wedstriid altiten noch efkes in strafskop, mar sij moasten ferlinge. De A1 spilers wiene hiel lang lyn ek F1 spilers mar hiene it no net mear ûnder de knibbel. F1 bekert fierder en bij A1 kinne se net echt genietsje fan
dizze bylden.

Harsens derby(1155)
Wy hawwe Jaap frege, mar hy ontkent dat Dhr. Toering in omke fan him is en hy kin him ek net. Dhr. P. Maldini, K. Keegan en T. Henry kin hy wol….