Weppers snein 24-1

Weppers sneon 23-1
22 januari 2010
Weppers moandei 25-1
25 januari 2010

Nij haadsponser
It bestjoer fan SDS hat justermiddei bekind makke dat sij tige ynnommen binne mei it kontrakt dat sij ôfsluten hawwe mei
Van der Eems as haadsponser mei yngong fan 1 augustus 2010. It giet om in kontrakt fan 5 jier.
logo
Folgend seizoen op de sjurts fan SDS 1.

SDS 1 ferliest
Yn Aldehaske hat SDS 1 tsjin Knickerbockers ferlern mei 3-2. Neffens tsjûgen hie de útslach foar itselde oarsom wêze kinnen. Spitich genôch slagge SDS 1 der net yn om inkelde grutte kânsen te fersulverjen.

Klaverjasse
28 kaarters wiene der sneontemiddei om nei 3 boomkes út te meitsjen wa’t de beste klaverjassers bij SDS binne. Der wiene gjin messen op tafel, wol woarst, tsiis en bitterballen. Der wiene ek winners en ferliezers. Grutste ferliezer wie Marco Hoekstra. Hij waard ynearsten útropt ta winner, mar protestearde sels heftich dat soks net mooglik wêze koe. De earder útrikte prizen waarden wer ynnommen en nei hertelling kaam de folgende útslach boppe tafel:

1. Bote Strikwerda
2. Martijn Rispens
3. Stoffel Bouma
4. Sipke Hiemstra

E2 yn de seal

De eerste wedstrijden van sds e2 ( veld sds e3) in de zaal.
Heel spannend, want het is toch heel anders dan op het veld.
Maar het ging prima, jan stond fantastisch te keepen en de spelers, speelde prima over.
De eerste wedstrijd gewonnen met 3-1 en de tweede wedstrijd, was heel spannend, goede tegenstander, het werd 1-1.
Het was heel leuk om eens een echte wedstrijd in de zaal te spelen, op naar de volgende.
Gr. sietske

SDS-sealtoernoai
It SDS-sealtoernoai wie justerjûn tige slagge. Mar leafst 55 fuotballers dienen mei. Moarn mear hjiroer
.

Jelle “Hakkie” de Boer
In soad jonge fuotballers fregen harren juster ôf wêrom Jelle de Boer by it sealtoernoai op papier stie as Jelle “Hakkie” de Boer. Yn de wedstryd om it 3e en 4e plak waard it dúdlik. Jelle stie op goal en krigen in skot oer de grûn te ferwurkjen. Hy soe de bal yn ‘e hannen pakke, mar de bal rolle tusken syn fuotten troch en fansels makke hy in eigen goal mei in prachtich hakkie……..

Harsens derby (119)
Van Gaal wie juster út de skroefen nei de winnende goal fan Robben. Yn de heup moasten hast al in pear skroefen: