Weppers snein 22-5-2022

Sneon 21-5-2022
21 mei 2022
SDS JO15-2 fiert feest!
23 mei 2022

Nûmer 113

Wy bliuwe de statistiken mar oanpassen no ’t Hendrik de Jong juster alwer syn 113e goal yn SDS 1. Wêr stoppet dit?

Skorst

Pieter Sijtsma pakte sneon tsjin CVVO 1 syn 7e giele kaart en is skorst foar de folgende wedstriid. Matthijs Postma pakte syn 8e giele kaart en is pas wer skorst as hy syn 9e pakt.

Pechfûgel

Jens Hiemstra fan de JO19-1 die sneon by SDS 3 mei en nei 3 minuten fleach syn skouder út de kom. In frijwilliger fan NOK hat Jens opfongen en him nei Workum brocht wêr as Jens syn heit him oppikt hat en him nei it sikenhûs brocht hat. Hjir is it skouder wer setten. Jens moat de kommende wiken efkes rêstich oan dwaan. Wy winskje him betterskip en de frijwilliger fan NOK tige tank!

SDS JO15-2 kampioen!

Ferline wike waard SDS JO15-2 kampioen en dit waard juster noch efkes wiidweidich fierd. Moarn mear foto’s.

Deja vu

De lieder fan de JO15-2, Theo de Jong die it kampioenskip werom tinken oan in kampioenskip fan 20 jier lyn:

Harsens derby (2377)

Toet, toet!

 

 

 

Letter mear!