Weppers snein 22-3

Utslaggen sneon 21-3
20 maart 2009
Weppers moandei 23-3
23 maart 2009

SDS 1 wint

SDS wûn juster fan VHK mei 3-0. Henk Bootsma seach oanfierder Dirk Yde Sjaarda hjir yn duel mei in tsjinstanner.

Healstok

De SDS flagge hong juster healstok fanwege it ferstjerren fan frijwilliger Oeltsje Eisma. (foto Henk Bootma))


En foar de wedstriid wie der ien minút stilte (foto Henk Bootsma)

Skorst
Skelte Anema stie juster oan de kant fanwege in skorsing. Fan de 4 giele kaarten dy’t hij krigen hie wiene der trije fan skiedsrjochter Hinne Smedes. Soe Skelte in kear wat sein hawwe oer syn fluitsjen of oer syn blazen op de trompet?

Net skorst
Mark Postma stiet op skerp wat de giele kaarten oangiet. Dat sit wat yn syn spul. No’t hij ien op ien rint, pakt hij meast de kaart yn de thúswedstriid en is hij út skorst. Der binne mindere keuzes. Omdat SDS kommende sneon wer thús spilet moast hij him juster wat ynhâlde.  Dat slagge: Mark krige gjin kaart en is sneon wer presint tsjin Hollandseveld.

Ynternetdokter
Juster waard by de wedstryd tusken SDS 2 en Staphorst 112 belle mei de meidieling dat der ien hertklachten hie. De Staphorster fielde him wier net lekker en waard troch de ambulanse ophelle. Durk Okkema bleaun as leider fan SDS 2 rêstich en stelde al gau de diagnose. Nei de wedstryd fertelde hy it ferhaal en stelde eltsenien gerust. “Der waard in spiler fan Staphorst ôffierd mei hertklachten, mar ik tink dat der in klaplong hie”. Op dat momint krige hy tillefoan út it sikenhûs fan de heit fan it slachtoffer mei de definityfe diagnose; in klaplong.  

Fuotbalkamp
Ek dizze simmer is der wer in
fuotbalfakansjekamp op Skylge. It liket ús wol wat, mar wij binne te âld, want it is foar bern fan 8-13 jier. It kamp wurdt organisearre yn gearwurking mei sc Hearrenfean.

Ferlern
Wy hawwe ús altiten ôffrege wêrom ’t Harm Stremler fanút de jeugd fan vv Oosterlittens nei SDS kaam. Juster kaam dan eindelijk it hege wurd derút. Nea hat der it ien ferteld, mar yn de D’s fan Littens ferlear hy ris mei 15-0 fan in stel……. famkes…. By SDS kaam hy dizze klap pas wer te boppe.

Froulju
Van Gaal joech fan ‘e wike trainen oan de AZ-froulju. Dit wie net sa ’n sukses:
Scannen0001

Schwalbe
Freed hienen wy it hjir oer schwalbes. Hieltiten mear fuotballers meitsje hjir gebrûk fan. It hek is hielendal fan de daam no ’t der ek al skiedsrjochters binne dy ’t hjiroan meidogge: