Utslaggen sneon 21-3

Seleksjes sneon 21-3
20 maart 2009
Weppers snein 22-3
22 maart 2009

Mail de útslach, in koart ferslach en bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen

   

útslach

     
14:30 SDS 1  – VHK 1  3-0
12:00 SDS 2  – Staphorst 2  2-2 **
12:15 SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 3   1-2
10:00 SDS DA1    Heeg/YVC  Da1  2-2
12:45 Tzum 3 – SDS 6  0-4
12:30 Makkum A1 – SDS A1  4-0
10:00 Nijland C1 – SDS C1  1-6
10:00 SDS E1 – Bolswardia E1  (oefen)  6-2
9:00 SDS E2 – SDS E4 (oefen)  4-0

SDS 1- VHK 1  3-0
It bleau lang spannend. De 1-0 dy’t Mark foar it skoft ynkopte krige gjin ferfolch. Oan 5 minuten foar de ein. Earst wie it Dirk Yde dy’t mei in prachtige beweging in hiel soad Sint Janskloostenaren op de ferkearde foet sette en skoarde en dêrnei wie it Tsjalling Sikma dy’t mei in krease lob de einstân bepaalde.
Sjoch hjir foar it fakkundige ferslach fan Siem Sikma.

SDS 2 – Staphorst 2    2-2 (net útspile)
Mei noch in minút as 11 op de klok waard de wedstriid ûnderbrutsen troch dat ien fan de spilers fan Staphosrt him net goed fielde en de lieding de ambulanse belle hie. De spiler waard nei it sikenhûs brocht mei wat efterôf bleek in klaplong. Yn oerlis waard besletten net fierder te gean.
It stie 2-2. SDS hie foar it skoft brutaal de lieding nommen mei 2-0 (doelpunten Hendrik en Feiko), mar seach de moaie foarsprong binnen 5 minuten yn reek opgean. De boeiende striid koe dus net útspile wurde.

SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 3     1-2
It siet SDS 3 net mei. It like derop dat SDS dizze wedstryd winne soe, mar alles gie oars. De Ljouwerters makken de 1-0 nei in handsbal. Nei de 1-1 fan Peter krige SDS grutte kansen op de 2-1, mar de bal woe der mar net yn. Peter krige net in pingel en de Sweltsjes makken yn it lêst sels noch de 2-1. Swier balen dus.

Tsjom 3 – SDS 6
Grutsk kamen de mannen fan SEIS werom. Trije punten helje yn Tsjom die ek harren glimkjen. Doelpunten wiene der fan Gerlof V. (2) , Pytrik en Steffen.

SDS Da1 – Heeg-YVC Da1    2-2
De froulju kamen mei 0-2 efter mar knokten harren werom yn de wedstriid. Jitske Plantinga en Joutsen Okkema skoarden.

Makkum A 1- SDS A1     4-0
SDS A1 ferliest terjochte mei de dikke sifers 4-0 in Makkum.
De earste helte steane we SLOP yn it fjild en litte Makkum de wedstriid meitsje.
Twa ûnnoazele doelpunten al nei in kertier.
Yn de rest (3-0) falle de hurde wurden fan trainer en lieder.
De útwurking is reedlik. De twadde helte wurdt der hurd wurke, mar it sit net mei.
Makkum skoart út in counter noch in kear.
Jarco en Kristian komme der yn foar Wytze en Albert.
Letter yn de twadde helte Peter, Doede en Eddy foar Bauke Jan, Jort en Arjen.
Gau ferjitte dizze wedstriid. Efkes utprate nei de tiid en dochs noflik it wykein yn..
Tamme wie der net, dat Klaas moast flagje.
Ype Tiemerma hat derom wer ferslach makke dat jimme moarn lêze kinne
Jan Strikwerda, Johan Brinksma, Jan Los en Ype bedankt foar it riden.
Klaas