Weppers snein 20-6

SDS WK-League (26 wedstriden)
19 juni 2010
SDS WK-League (29 wedstriden)
20 juni 2010

SDS webshop is iepen!
Rjochtsûnder is de knop te finen fan de SDS-webshop. Hjir kinne jim û.o. de nije SDS-tassen, SDS-trainingspakken en SDS-polo’s bestelle.
Webshop!

Arnoud net nei Oeverzwaluwen, mar…
Foarige wike melden wy hjir dat âld-SDS’er nei Oeverzwaluwen ta soe te fuotbaljen. Sa hienen wy dit lêzen yn de Ljouwerter Krante. Arnoud komt hjoed sels mei in rektifikaasje:
Zo af en toe neem ik nog wel eens een kijkje op de SDS- site, nu met de reden of er nog transferwijzigingen waren binnen de club. Nu vond ik ook een berichtje over mijn voetbaltoekomst. Ik verkas alleen niet naar Oeverzwaluwen, het leek er wel lang na dat ik dat zou doen maar uiteindelijk heb ik ervoor gekozen om naar Nijland te gaan. Dit met de reden dat ik volgend jaar afstudeer en door de komende drukte, het voetbal op die wijze vanaf een iets lager pitje kan beoefenen. Daarnaast is het leuk om herenigd te worden met m’n broertje, Wibrand. Ik hoop jullie op deze wijze weer even op de hoogte te hebben gebracht. 
Sportieve groet, Arnoud Koster 
Wy hienen fansels de webside fan VV Nijland ek better yn de gaten hâlde moaten.

Giele kaarten
Ien fan de bonusfragen giet oer de giele kaarten. It docht bliken dat der gâns ferskil sit yn wat wij oprkigen ha fan jim. Nei 26 wedstriden binne der 99 kaarten fallen en dat is gemiddeld 3,43 per wedstriid. At dat sa troch giet dan komme wij út op 243 kaarten. En dan sitte der bonuspunten yn foar Klaas Dijkstra, want hij hie it op 240.
Mochten der no gjin kaarten mear falle dan is Ids de Boer spekkeaper. Hij foarsei 99.
De folgende dielnimmers sille seker gjin bonuspunten krije foar de giele kaarten; sij hawwe te leech ynsetten.

Jan-Thomas Faber 19
Rixt/Reino 25
Hammie Westra 33
Ruurd Boorsma 35
Jesse Noordmans 45
De Sippenserboys  84
Sil

“Winne of ferlieze, dizze fen bliuwt sjen”, dat is de tekst dy’t te lêzen falt.
It falt foar ús betiden net mei om in hiele wedstriid út te sjen, mar Sil fermakket him tige.

Harsens derby (236)
Neat oan dy Vuvuzela’s mar je kinne der wol moaie grappen mei úthelje: