Weppers snein 20-3

Utslaggen sneon 19-3
18 maart 2011
Weppers moandei 21-3
20 maart 2011

D1
D1 wûn juster mei 3-2 en Johan Heerma lei hast de hiele wedstriid yn byld fêst. Jim kinne it
hjir sjen.

F5

De jonges en it famke fan F5 hawwe der sneon wer flink foar striden. Mar Akkrum wie krekt efkes better. Mar ferlieze is gewoan net leuk. “Ik fûn it in rotwedstriid” sa hearden wij ien sizzen mei de triennen yn de eagen. Dat is karakter, dat hjit “net tsjin ferlies kinne”. En dat is in goeie eigenskip!

In mars


SDS E4 helle de meast opmerklike útslach. Nei in efterstân fan in oantal doelpunten kamen se werom nei 6-6. En lieder Durk Klijnsma wie grutske op syn mantsjes: Jim hawwe allegear in Mars fertsjinne. 

Untefreden
It is noch nea foarkommen yn de skiednis fan it draaiend rêd dat in priiswinner fan in rollade mei in sjaggerijnige kop nei hûs gie mei de rollade doaze ûnder de earm. De primeur dêrfan leit bij Jaap de Blaauw. It smoar yn oer it ûnnedich puntferlies fan SDS 1. Wij hoopje dat it sagrijn der hjoed wat út is en dat de rollade goed smakket.

Fan herte lokwinske!
Anne Brouwer is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske!


Harsens derby(429)
Dan sizze sy dat dy Balotelli fan Manchester City lestich is. Hesjes dy binne pas lestich…………….: