Weppers snein 2-8

Weppers freed 31-7
30 juli 2009
Weppers moandei 3-8
2 augustus 2009

SDS 1 hat oefene
SDS 1 hat sneontemiddei oefene tsjin
Spirit 30 út Hoogkarspel. De keatsers hiene harren der allegear ôfkeatse litten en sa stie der dochs noch in goeie seleksje. De rêststân wie 0-2 (neffens Arjen Posthumus hie dit oarsom wêze moatten). Nei in 0-5 tuskenstân yn de twadde helte waard it úteinlik dochs noch 2-5. Wa ’t ús mear oer de wedstryd fertelle kin mei ús maile.

Jonge SDS-ers op de Freule
Kommende woansdei is de Freulepartij. Der dogge wer hiel wat (âld) SDS jeugdleden mei foar de ferskillende doarpen. Sa sjogge wij bij Wommels Wietse Fopma en Jan Friso Bruinsma, bij Easterein Carlo Booms, Jan de Boer en Sicco Scheltema en bij Itens Martin Leyenaar, Ayanle Reitsma en Jan Peter Bootsma. De lotting kinne jim
hjir sjen.

WK-finale
align=baseline

Kompetysje-yndielingen
Fan hast alle teams kinne jim de links nei de kompetysje-yndielingen op dizze side fine by desbetreffende teams. Allinnich de yndielingen fan de E- en F-pupillen binne noch net by de KNVB bekend. Foardat je dizze links brûke kinne moatte je al earst ynlogd wêze by de KNVB-side.

SDS League
De kompetysje yn de Eredivysje is begûn en dat betekent dat wy ek wer hast begjinne kinne mei ús teams foar de SDS League. Wy wolle eins pas wer begjinne nei 1 septimber as de transfermerke slúten is. Hjir kinne jim alfêst fan alles besjen.

Pikefel
Bobby Robson is net mear. Ôfrûne wike is de âld-fuotballer en trainer ferstoarn. Dizze ynnimmende man krige krekt foar syn dea noch ien kear in steande ovaasje yn it St. James-Park fan Newcastle United. Pak de bûsdûk der mar fêst by:


Moarn mear!