Evenementen in december 2022

Nei de PC weppers
30 juli 2009
Weppers snein 2-8
2 augustus 2009

SDS 1 oefent
SDS 1 hat sneontemiddei om 17.00 oere de earste oefenwedstryd. Spirit 30 is de tsjinstanner.
Dick hat ús de folgende ynformaasje trochjûn.
Wy spylje moarn us earste oefenwedstrijd en wol om 17.00 oere.
Oanwêzich om 16.00 u.
Ofwêzich binne wegen fakânsje: Harm, Gert Jan, Ewout, Freek, Tsjalling en Anne
Seker binne: Jaap, Skelte, Redmer, Tsjipke, Feite, Jelmer, Hendrik, Arjan, Jildert en Jacob van Wieren
twijfel…
Keatsers: Jacob Klaas, Erik, Marten, Dirk Yde en Feiko

Skylge (1)
Sneon 29 augustus is it heech oanskreaune fuotbaltoernooi foar feteranen wer op Skylge. Ek dit jier is SDS wer útnoege. Om Heerenveen, Minnertsgea, Terschelling, Mulier, it Fean 58 en Baflo goed tsjinstân biede te kinnen is it fansels needsakelik dat der fan te foaren noch wol efkes traind wurdt. Jacob Plantinga hat de slieperij al wer regele en wij tinke dat Eddy it taksyferfier heech op syn listje stean hat.

Skylge (2)

Ek Mulier is dit jier wer dielnimmer oan it feteranentoernooi. Okkerdeis berjochten wij al dat se dwaande wiene Kalou mei te nimmen nei it toernooi, juster waard bekind dat sij no dwaande binne mei de geachte hear Menno. Menno hat ús op de PC witte litten dat hij in waarm gefoel hat bij bepaalde SDS-ers en hij sjocht der dan ek nei út om mei te dwaan.

Streaker

Nei no bekind wurden is, is der jajuster in streakaksje foarkommen op de PC. En ek noch wol fan in SDS-er. Gelokkich koene syn maten de mooglike dieder oerrede om dit net te dwaan. Wij hawwe sels begrepen dat dy selde maten op lêst mear bier beaden om it net te dwaan as strykjild om it wol te dwaan. Dêrtroch koe it ljochtblaue boesgroentsje oanbliuwe.

WK 30 juli 2009

De waargoden hiene bijna it WK ferstiert, allenig na enkele gebeden fan it WK bestjoer en harren leden bruts de hiemel iepen om healve 8’en en waar it skopfjild underdompelt yn in moaie sinnegloed.

Wat foel der dizze edysje op?

– Moandei is de grandé finale.

– “Maar hoe komt hij dan aan dat glas Cognac?”

– 3 aksjes, 3 panna’s bij Ralph.

– Mark Boswandeling.

– Oan de tinne fan de hinnen.

– Lebiche sfear.

– 34x de peal rekke.

– Willem is ferskrikkelijk handich mei syn switsers sakmes.

– De earste kopgoal! Op conto fan Henk P.

– “Sjit no ris wat hurder fent!”

– Nij record! Eeltje al nei 3 minuten spieljen kapot.

– Hendrik E.; gewoan net te begripen.

– Ate Feike hat al te folle films ôfdraait yn syn hôle

– Servet ongenaakbaar

 

Team read achtig

– Hendrik E.

– Henk P.

– Ate Feike

– Ralph

– Servet

Team gekleurd

– Mark P.

– Hjalmar

– Eeltje

– Willem

 

Unefen, wat natuurlijk altyd ffkes balen is. Desondanks wie der wol balans yn de westriid, Team read die it restich oan en team gekleurd sette in toskje extra bij.

De wedstriid gie liik op en bij in geliike stand ramde Mark de bâl ffkes yn de sleat. Yn dizze pauze tocht team gekleurd sich op te kinne meitsjen foar de winnende goal. Team read wist dat de mannen yn feite gewoan moe wiene en dat sei geramd sieten foar de winnende goal. Bij in stân fan 8-8 wie it team read die it initiatief naam.

 

It is eigenlijk moeilijk te omskrieuwen wat der ferfolgens gebeurde mar it hie wat te meitsjen mei “de gebeten hond” fan de wedstriid. Ralph Wariman, de man die compleet net yn de wedstriid siet, wist alles yn ien klap goed te meitsjen. Eindelijk stie it vizier goed, eindelijk siet der kracht yn it skot, eindelijk kriig der net in panna om de earen. Nee, Ralph skeat de bal mei in godsknal yn it goal. Team gekleurd ferslein, team read sa trots as in paauw.

 

Kommende moandei wurt it WK ôfsluten, it sil ongetwyfelt in protte emoasjes oproppe de WK gangers en de minksen fan it doarp Wommels. Sentimenteel as we binne, sil de finale hâlden wurre op de terp. Geruchten gean dat der sels fideomateriaal makke sil wurre fan de finale. We wachtsje it mar rêstich of.

Namens it WK Bestjoer,

Alg. Stat. Dir. Hendrik Engbrenghof

Ho?
Arsenal wûn ôfrûne wike mei 5-0 yn Hongarije fan in stel Hongaren. Dy Hongaren hienen de 5-1 op de skoech mei in pingel. De oanrin kaam net hielendal goed út en de bal gie der hast yn (nei 1.30 te sjen):

Letter mear?