Weppers moandei 20-2

Weppers snein 19-2
18 februari 2012
Weppers tiisdei 21-2
20 februari 2012

Traine yn Snits
Sawol de A- as de B-seleksje traine jûn wer yn Snits om 20.00.

Froulju
Jûn om 8 oere is der trainen foar de froulju fan Bram en Eeltje.

B-junioren
Sij begjinne op dizze moandei wer mei de training. Om 19.00 oere begjint it.

E1 hat gjin trainen
E1 traint hjoed noch net “buten”
’t fjild lit ’t noch net ta.
nije wike better hoopje ik, want ’t wurd wol wer ’s tiid.
groeten, Boudewijn.

Ouderavond voor F5/F6
Aanstaande woensdag, 22 februari, organiseert de jeugdcommissie een informatieavond voor de ouders van de spelers F5 en F6. Tijdens deze avond zullen wij de ouders informeren over wat zij moeten weten nu hun kind met competitievoetbal begint. Echter ook andere “debuterende” ouders zijn welkom. De avond begint om 20:00 uur.
Namens de jeugdcommissie,
Robert Schildkamp

Lokwinske
Wij wiene de jierdeikalinder efkes kwyt en binne dus wat efter mei ús lokwinsken.
Freed 17 febrewaris is Marije de Vries 21 jier wurden.
Sneon 18 febrewaris is Remco Abma 10 jier wurden
Snein 19 febrewaris is Merijn Petra ek 10 jier wurden. Ek op dizze dei wie Hans Kooistra jierdei mar hoe âld at hij wurden is, bliuwt in gokje en dêr weagje wij ús net oan.
Moandei 20 febrewaris, hjoed dus wurde der twa SDS leden 20 jier : Eddy Visser en Wouter Jan Postma.
Allegear fan herte lokwinske.

Yndielingen
De foarjiers kompetysjeyndielingen fan de jongste jeugd is bekend. Jim kinne it fine ûnder it kopke jeugd en dan bij de ferskillende alvetallen.

Toernooi yn de seal
Juster wie der wer it tradisjonele âlde lullen toernooi. Meardere SDS-ers op leeftyd diene dêr oan mij lykas Bauke Dijkstra, Pieter Kamstra, Harm Auke Dijkstra en Aant Hofstra.
Ferrassende winners waarden de Buma Boys fan Snits, twadde wie it Kafee Bergsma en fierders diene de Zwanen út Makkum , de Greidhoeke jonges en de mannen fan Boazum mei.

Pechfûgel
Organisator fan it toernooi Daan Boersma hie de saakjes wer goed regele en der stie neat yn de wei om sels ek wer efkes lekker te baljen. Syn optreden bleau beheind ta ien moaie pass yn de oardel minút dat hij yn it fjild stie. Doe sloech de swipe ta. Op syn kût. Syn ferneamde taspraak, wêr’t hij de nedige dreunen útdielt, moast hij dan ek sittend dwaan.

Sealtrainen
De earste ljippen binne al sinjaleard en dat betsjut dat der troch de jeugd net mear yn de sporthal traind wurdt dizze wike.

Trainen yn Snits
Dizze wike is der noch wol trainen yn Snits foar de jeugdalvetallen dy’t harren dêr foar opjûn hawwe.

Harsens derby(692)
Spitich genôch nimt de jeugd it gedrach fan Luis Suarez no al oer: