Weppers snein 18-4

Utslaggen 17-4
16 april 2010
Weppers moandei 19-4
18 april 2010

Trochtocht
Foarút 3 – SDS 5 wie sneon in spultsje fan taktysk fernuft. Bij SDS 5  daalde de gemiddelde leeftyd yn it skoft mei hiel wat jierren troch it ynbringen fan A-spilers Arjen, Wytze en Jacob foar 50-tigers Ype en Aant en hast 30-tiger Christiaan. Mar Foarút die der net foar ûnder. Nei it skoft hiene sij 6 A spilers yn it fjild. Bij it skoft wie it 2-2 en de einstân wie  3-3.

Jierdei
Jan-Simon Jelsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

De opstelling
Marco Hoekstra mei graach yn it lân omtoarkje. Mar ôfrûne tiisdei gie hij fansels wol efkes nei Nijlân om Nijlân en BCV te besjen. Mei allegear oantekens op it programmboekje gie hij nei hûs werom. Twa dagen gie Stoffel efkes it lân yn. In moai stikje lân. En hij seach wat opmerkeliks: in programmaboekje fan Nijlân-BCV. Wie bij Marco út de bûse fallen…..

Blunders
Wij hâlde der net fan om missers blunders te neamen. Seker at it om keepers giet. Mar wij krije wat oanwizigingen dat dat op sportpark Schatzenburg twa SDS – keepers in iets minder momint hiene, wat resultearre yn in doelpunt fan Dronwyp A1 en Foarút 3. Ien fan de lieders fan SDS 5 woe as kop fan it ferslach ha: Doelmannen meitsje it ferskil. 

29-5
Op 29-5 spilet SDS 5 de lêste wedstriid yn Ferwert tsjin Wardy 3. Mochten der te min spilers wêze dan stiet Floris der ien helte as lêste man. Wêrfan akte.

Net nei Liverpool…….
Freddy Scheltema hie o sa ’n moai wykein yn it foarútsjoch, mar no ’t der in fulkaan yn Iislân wat ferkâlden is falt alles yn it wetter. Freddy is dus net nei Liverpool en sit thús. Wy hoopje no mar dat de Amstel Gold Race en de útslagen yn de Eredivisie fannemiddei in soad goed meitsje sille………. Ajax Olé!!!

Cheerleaders
SDS F4 fuotballet sa moai as wat op it heden, mar juster waard der mei 3-0 ferlern tsjin EBC-Delfstrahuizen F3. F4 hat al aardich wat útwedstriden hân wêrtroch sy de kommende 3 wedstriden thús moatte. Anco Bervoets wit al hoe ’t sy thús noch makliker fuotbalje kinne: “Oars moatte der mar wat cheerleaders oan de kant…….”

Harsens derby (195)
As je mei 8-1 winne dan kin it wat lije………..