Utslaggen 17-4

Seleksjes sneon 17-4
16 april 2010
Weppers snein 18-4
17 april 2010

Mail útslach, in koart ferslach, foto’s, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen

    útslach
9:00 SDS D1 – VC Trynwalden D1  0-10
9:00 SDS E3 – ONS Sneek E4  2-1
9:00 SDS E4 – VWC E3  ôflast
10:00 SDS F2 – SneekWit-Zwart F5 0-12
11:10 SDS C2 – Mulier C2  1-0
12:30 SDS 3 – VVI 2  1-1
12:30 SDS DA2 – Heeg/IJVC DA1  0-1
14:30 SDS DA1 – Sleat DA1  2-4
14:30 SDS 6 – Foarut 4  1-4
10:00 EBC/Delfstrahuizen F3 – SDS F4  3-0
10:00 EBC/Delfstrahuizen F1 – SDS F1  1-2
11:15 Makkum D4m – SDS D4m  0-2
12:00 Dronrijp A1 – SDS A1  4-2
13:30 LSC 1890 E6 – SDS E2  7-0
14:00 RES C1 – SDS C1  0-4
14:00 Foarut 3 – SDS 5  3-3
14:30 Flevo Boys 3 – SDS 2  2-3
15:30 Zeerobben 3 – SDS 4  1-4

Flevo Boys 3 – SDS 2     2-3
At heit de Jong yn Emmeloord wie, witte wij net. At hij der wie, hie hij in beste middei. Neffens ús ynformant skoarde Hendrik twa kear en Dirk 1 kear. Fierders wie it de oerwinning fan it kollektyf. Hoewol, dat betinke wij sels.

SDS 3 –  VVI 2    1-1
It gelykspyl fan it kollektyf. Dat Pieter Kamstra skoarde is in fermelding dy’t allinne de statistyk tsjinnet. Oh ja, Bote dy joech de foarset.

Zeerobben 3 – SDS 4      1-4
Dizze wedstriid waard let op de middei spile.  En dat wie net ferkeard. Piter Lieuwe wie yn  topfoarm en Hendrik Engbringhof spile ek net swak bij, want hij skoarde ien kear. Ek net mislik wie it optreden fan Gerlof  Veldstra en Johan Delfsma. Sij skoarden 1 dan wol 2 kear.

Foarút 3 – SDS 5    3-3
Yn Easterein wiene de ploegen goed oan elkoar weage 2-2. Yn Menaam wie it net oars. SDS wie mear oan de bal, spile ek mear op de helt fan de tsjinstanner, hie ek krekt efkes de bettere de kânsen, mar kaam pas yn de lêste minút op gelikense hichte. Jappie skoarde twa kear en Durk ien kear.

SDS 6 – Foarút 4     1-4
Posityf: de twadde helte wûn SDS 6 mei 1-0. Doelpunt Pytrik. De earste helte spilen se yn in Mikky Mûs opstelling, wat bij SDS 6 betsjut dat se net wisten dat se yn in fjouwerkant op it middenfjild spilen en dat se alhielendal net wisten wa’t de punt nei foaren hie en wa’t de punt nei efteren hie. Posityf wie foaral dat Thomas van der Meer wer in hiele helte spile.

SDS Da 2 – YVC- Heech Da 1    0-1
Wij witte net mear as de útslach. Wij seagen it doelpunt en wij skare dat ûnder de kategory gelokstsjindoelpunt.

SDS Da 1 – Sleat Da 1      4-2
Wij kinne twa doelpunten noteare foar Da 1. Dat makket ús bliid. Joutsen skoarde út in frije traap en dêr hawwe se it no noch oer en Anne Marijke skoarde it oare doelpunt.

SDS E3 – O.N.S Sneek E4   2-1
De wedstrijd ging niet echt soepel. Maar omdat we goed overspeelden konden we toch nog scoren. De 1-0 was van Wesley en toen was het alweer rust. In de tweede helft werd het 2-0 van een mooie goal van Peter. Toen kregen we nog doelpunt tegen 2-1 dus. Hendrik scoorde ook nog een keer maar die was niet gezien door de scheidsrechter. Er waren veel overtredingen in de wedstrijd. Maar we kunnen nog steeds kampioen worden.
Groetjes Arnout Meijer.

SDS E4 ôflast
De lieder fan Munnikeburen belle my fannemoarn dat sy net genôch spilers hawwe. Se komme net. Ôflast dus.
Gr
Douwe