Weppers snein 17-9

Sneon 16-9
15 september 2017
Gjin trainen op moandei!!
18 september 2017

Foto’s

Sjoch efkes op de teamsides fan dizze teams want wij binne der wiis mei dat der al trije teamfoto’s binnen kamen fan MO15-1, JO15-1 en JO8-1. 

Ferslagen

Juster kamen der hiel wat wedstrydferslagen binnen. Sy binne hjir te lêzen.

Skorst

Arjen Los krige juster twa giele kaarten en dêrmei in reade kaart yn de wedstryd fan SDS 1 tsjin AVC 1. Hy is troch de KNVB skorst foar ien wedstryd………….yn de beker. Dat betsjut dat Arjen folgend jier in wike langer op fakansje kin……… 😉

Wa wurdt de 50e winner fan de SDS-League?

Juster leinen de earste dielnimmersformulieren foar de nije SDS-League wer yn de kantine. Sy moatte ynlevere wurde foar sneon 30 septimber 19.00 oere. SDS 1 spilet op sneon 30 septimber thús tsjin Oudehaske. Rick Hendriks hat syn team no al hast klear.
Jim kinne hjir alles fine oer de nije SDS-League!

Nije skuon

Auke Hiemstra wie ôfrûne wike jierdei! Noch fan herte lokwinske! Hy hie blykber nije skuon op ‘e jierdei krigen, mar om dêr no lyk op te fuotbaljen………..

Harsens derby (1921)

Dy Weghorst is in sekerheidsje yn de SDS-League…………….