Evenementen in november 2022

Weppers sneon 16-8
15 augustus 2008
Wepper moandei 18-8
18 augustus 2008

SDS A1 gelyk
De jonges ha twa gesichten sjen litten.
Earste helte bleu en wat sleau en twadde helte pittich en stridend.
We binne as lieding tefreden mei dizze earste wedstriid.
Bekere tsjin Frjentsjer. 2-2 (2-1 rêst).
It ferslach sa’t jim dat fan mij wend binne.
Klaas

Da 1 foar de beker op keunstgers
Juster ús earste fuotbalwedstryd wer hân, 90 min. drave neidat we noch mar 1 training  hân ha. We moasten tsjin de Trynwaldster”boys”, it wie waarm waar en we ha foar it earst op keunstgers fuotballe. Gelokkich gong it redelijk goed, tenminste de earste helte seker! Sommige fan ús famkes binne noch oan’t keatsen, dêrom hiene we wat froulju mei frege en sy stoenen paraat om mei ús mei te gean. De earste helt wiene der al wat kansen foar de tsjinparty, gelokkich ek folle reddingen fan Marije. We hoden de tuskenstân op 0-0. Begjin fan de twadde helt hiene we ferwachte dat se no gongen ta slaan. Dat gebeurde ek.. Begjin twadde helt wolle we leaver net oer prate, úteindelyk is de stân 5-0 wurden.
 
Groetsjes Tryntsje

One world, one dream, one HHH

At Dirk Yde sa troch giet yn Sjina is hij sels aansens in bekinde Nederlânner. Fjildhûs, fan de Hegebân, Ronnes, Gravesteijn, Nadal, Huizinga: It binne gewoan allegear bekinden wurden fan ús Dirk Yde. Lês
hjir syn ferhaal.

Utsteld
It wie bij SDS 3 net allegear goed gien sneon. De wedstryd wie op freedtejûn al útsteld en der wie op de side ek melding fan dien. Mar Steffen en Ids hiene net op ynternet sjoen en se hiene ek neat heard. Sij stiene om goed 1 oere foar neat te wachtsjen.

Moandei mear