Weppers snein 16-8

Weppers sneon 15-8
15 augustus 2009
Weppers moandei 17-8
16 augustus 2009

SDS 1 spilet gelyk
SDS 1 hat sneoentemiddei in 2-2 gelykspul helle tsjin CSL. Fertsjinne hawwe wij begrepen. Mar hoe’t it krekt sit heare wij graach fan oaren.
Harm Stremler makke yn elts gefal de 1-0 en Tsjalling Sikma skoorde ek. Harm miste al in penalty.

Gjin trainen
Foar SDS 1 komt de training fan moandeitejûn te ferfallen. Sy traine no foar it earst wer op tiisdeitejûn om 19.00 yn Wommels.

SDS 2 wint
SDS 2 wie de earste helte dúdlik sterker dan Hardegarijp 3. Kânsen krigen sy genôch mar de bal woe der mar net yn. Sa’n 10 minuten foar de rêst wie it yniens gau beslikke. Yn in tiidsbestek fan sa’n 5 minuten wie it sa 3-0 troch goals fan Willem, Hjalmar en Henk. Nei de rêst wie Hardegarijp de bettere. Dochs makke Henk der (mei rjochts!) 4-0 fan. Hjirnei hôld SDS op fan fuotbaljen en moasten sy úteinlik noch bliid wêze dat Hardegarijp net tichter by kaam as 4-2 mei tank oan knap keeperswurk fan Remco Piek.
Ljochtpuntsje dizze wedstryd wie fansels de rentree fan Robert Sybesma.

SDS 5 set goed útein
De fitte seleksje fan SDS 5 helle in 3-5 oerwinning yn Harns. Hoe’t de “jongefeinten” fan SDS it diene tsjin de ouwe seunen fan Harns kinne jim hjir lêze.

Jeugtrainen
In soad âlders en jeugdspilers binne benijd wannear’t sy wer traine moatte. Hjir kinne jim der alles oer lêze.

Net mei de auto
Ype Burggraaff (SDS 5) woe mei it moaie waar net mei de auto fan Lollum nei Harns. Hij woe lekker trochwaaie. Sa seagen syn teamgenoaten Ype op twa tsjillen oankommen, Net op de moter, net op de fyts mar op de skooter fan de dochter.

Tredde helt
Klaas Kamstra koe sneon net keepe. Wij tinke dat hij in putsje strjitlizzen hie. Gelokkich hawwe se yn dy “sport” ek in tredde helte. Want doe’t syn ploechgenoaten yn de kantine yn Easterein oankamen siet Klaas al lekker oan in bierke. Syn ploechgenoaten kamen ien foar ien bij him om te freegjen hoe’t it wie en…om te melden dat Marco geweldich keept hie.

Krap
SDS 5 sil oer 14 dagen nei Skylge. No is al dúdlik dat se krap yn de spilers sitte. Fanwege allegear goeie en minder goeie redenen heakje der dit jier in soad ôf. Sjogge je der as 35 jier út, binne je lid fan SDS dan kinne je samar mei nei  dit unike toernooi mei ien oernachting.

Oanmeldformulier
It oanmeldformulier op de webside wurket noch altiten net goed. De technici binne der mei dwaande om it goed te krijen, mar it wol noch net rjocht slagje. Wy hoopje dat der it gau wer docht. Mochten je lid wurde wolle dan kinne je je gegevens ek efkes maile nei info@vv-sds.nl.

Topper
Fannemiddei om 12.30 is de topper tusken PSV en Ajax. Wy ferwachtsje dat de Jimbar dan wol iepen is om dizze wedstryd efkes sjen te kinnen.

SDS League
Noch efkes geduld foar ’t wy wer los gean mei de nije SDS League. Oan ’t 31 augustus kinne der noch altiten spilers feroarje fan klup. Sa lang begjinne wy ek noch net mei de SDS League. It earste team hawwe wy deryntsjin al wol binnen. Jelmer Posthumus hat fanút Afghanistan alfêst syn team maild.

Harsens derby (59)
Sa ’t wy al wol folle langer witte is hastich wêzen nearne goed foar: