Weppers snein 16-5

Utslaggen 15-5
14 mei 2010
Weppers moandei 17-5
16 mei 2010

Seleksje SDS 2
SDS 2 spilet tiisdeitejûn de weromwedstryd tsjin Meppel 2. De wedstryd yn Meppel begjint om 19.00. De folgende spilers gean mei: Marten, Jan-Simon, Wichard, Ewout, Arjan, Syb, Jildert, Sytze, Redmer, Robert, Hendrik, Durk, Hjalmar, Willem en Sjoerd.
Sy fertrekke om 17.15. Graach auto meinimme.

Opstelling
Bij it fuortgean nei Berltsum wist lieder Eddy de Boer fan SDS 5 te melden dat hij de opstelling meitsjen litten hie troch dochter Selma. Efkes wie it stil. “Is dat oars net sa dan” frege Klaas Visser him lûdop ôf.

Ferslaggen bij útslaggen
Der binne meardere (koarte) ferslaggen binnenkommen. Sa kinne jim bij B1 lêze hoe’t se dochs noch mei 3-4 wûnen en wa’t alle doelpunten makke hat. Sjoch bij útslaggen 15-5

Vlas
Wa kin skiedsrjochter Vlas fan Warkum net. Wij tinke dat hij mear as 40 jier op paad west hat yn dizze regio. Earst de legere seniorenalvetallen en letter de jeugd. Altyd op de fyts of de brommer of de bus nei de fuotbalfjilden. SDS B1 hie de eare om de lêste wedstriid mei te meitsjen yn Heech.

Jas
It goeie nijs kaam juster fan Dirk Yde Sjaarda. Syn moaie swarte jas is werom. Dirk Yde wist hast wol seker dat in bekende de jas meinommen hie. En dat wie ek sa. It like Henk Postma tongersdei wat kâld ta en doe’t hij nei syn kapstok rûn, foel him in swarte, mar foaral ûnbekende jas op.

Grut ûnrjocht
De Da1 fielden grut ûnrjocht sneon op é Lemmer. Jits Spits wie frijspile en gie allinne op it doel ôf. En doe waard se ûnderúthelle. “Frije traap en read” soene je tinke. Wol in frije traap en gjin read. Grinsrjochter Feike Jorritsma helle ferhaal yn it skoft. De man hie in pasklear antwurd: “Fansels wie it read, mar ik jou dizze lêste wedstriid gjin read. Al dy administrative rompslomp”.

Werom
Da1 hiene juster suver te min spilers mar krigen fersterking fan hast twa auto’s fol Da2 spylsters. En fan Anne-Marije dy’t nei 14 moannen Ingelân werom is.

Neikompetysje
Yn de neikompetysje nei de 1ste klasse diene de trije ploegen dy’t bij SDS yn sieten it net super goed. Broekster Boys ferlear, Trynwâlden en Heerenveense
Boys spilen gelyk. Tiisdei binne de weromwedstriden.

Dûbel sukses
Op it sportfjild fan Berltsum wie der foar de famylje Dijkstra dûbel sukses. Heit Tjeerd hold de 0 as lêste man bij SDS 5 (mei help fan oaren) en soan Jelte Pieter stapte  grutsk mei de krâns om want hij wûn (mei syn maten) de 1ste klasse keatspartij .

Harsens derby (212)
Somtiden soenen je mei it fuotbaljen in gruttere bal hawwe wolle. Dit hat allinne net allinnich mar foardielen: