Weppers snein 16-11

Utslaggen sneon 15-11
14 november 2008
Weppers moandei 17-11
16 november 2008

Aksjesport (2)
Se hâlde bij Aksjesport ek oeral rekken mei. Tiisdeitejûn is der koartingsjûn en no krije wij dit berjocht:
Foar de leden die tiisdeijun traine, jim bin ek tusken heal 5 en 6 oere wolkom yn Aktie Sport Snits/Ljouwert foar 25%
Gr Gerard

Mis
Doede Sijszeling sit wer op fuotbal en dat is leuk. Dat fynt syn heit ek. Marten siet fol belangstelling wer te sjen nei it
optreden fan syn soan bij SDS 4. Krekt nei it skoft wie hij efkes fuort. En ja, krekt dan skoart soan Doede in prachtich doelpunt.

Stimme
Wij meie wer stimme. Wêrfoar? Foar it wetter. No haw wij persoanlik neat mei wetter. En seker net al dat wetter dat op de trainingsfjilden fan SDS falt. Dêr soene wij wol wat oan dwaan wolle.
Wij hawwe de kandidatenlist efkes troch sjoen en komme dêr op nû 6 fan de FNP Jan Hiemstra tsjin. En Jan Hiemstra dy hat in SDS hert. Wij soene sizze stim op Jan en dan rekkenje wij derop dat wannear’t Jan yn it bestjoer fan it Wetterskip sit, it wetterpeil sadanich ynsteld wurdt dat de trainingsfjilden yn Easterein der altiten super bij lizze. Dus stim op Jan. List 4 nû 6.

Dizze foto is makke troch Henk Bootsma.

Beste leiders/trainers,
De eerste seizoenshelft loopt op zijn eind en de winterstop komt al in zicht. Maar voordat het zover is willen we als TC en JC jullie van harte uitnodigen voor het bijwonen van de 2e leiders/trainersvergadering van dit seizoen op brijdag 21 november
Op de agenda staan de volgende punten:
– Mededelingen
– Winterprogramma
– Evaluatie eerste seizoenshelft
– Nieuws TC
– En natuurlijk het beantwoorden van vragen van jullie kant
Bij afwezigheid graag afmelden bij Rudy Dijkstra (06-22916180) of Ab Scheepvaart (332604)

Strak
Heard bij SDS 5 : Alles is strak behalve myn búkje
Heard bij SDS 5 : Alles is stiif behalve myn lytse man

Rinfermogen
Foardat de wedstryd fan SDS 5 tsjin Veenwouden 4 begûn wie der noch in opmerklik taferiel. Vera, de freondinne fan Harm Auke kaam efkes lâns. At se no wol of net ropt hat, dêr oer ferskille de mieningen, feit wie wol dat Harm Auke yn sân hasten nei har ta fleach.
Jacob helle hjir twa konkluuzjes út:
1. Harm Auke kin wol hiel hurd drave
2. Harm Auke kin wol lústerje

Fan wa hat er dat?
Harm Auke mei graach prostesteare bij skiedsrjochters. Dat past hielendal net SDS 5. Wij giene op ûndersyk út wêr’t dat weikomt. Wij binne der efter: fan Jappie de Vries, de skoanheit fan Harm Auke en rjochts”bek” bij Skearnegoutum 4.

Ajax – PSV
Om 12.30 is Ajax – PSV te sjen yn de Jimbar. Wy ferwachtsje net in bult PSV-supporters…..