Utslaggen sneon 15-11

Weppers freed 14-11
14 november 2008
Weppers snein 16-11
14 november 2008

Mail de útslach, in koart ferslach en bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen.

    útslach
12:15 SDS 3  – ONS Sneek 3  ôflast
12:30 SDS 4  – Zeerobben 4  1-3
14:30 SDS 5  – Veenwouden SC 4  4-1
14:30 SDS A1 – CVVO A1  8-6
10:30 SDS B1 – Nijland B1  4-1
14:30 Meppel FC 1 – SDS 1  3-1
12:45 Hardegarijp 2  – SDS 2  7-1
12:30 GAVC C2 – SDS C2  oflast
13:00 Leeuwarden DA1  – SDS DAJ   6-0
10:00 RES F1 – SDS F1  8-0

Giet net troch
De wedstryd fan SDS 3 hjoed tsjin ONS 3 giet net troch. ONS hat te min minsken. De wedstryd is fersetten nei folgende wike sneon om 12.15 op it B-fjild.

Net oefenje
Jan Bouke hat syn best dien om in team te finen om te oefenjen, mar helaas, it is net slagge.
Dus de froulju ha dus hjoed frij. 
Groeten Anke

Ferslagen:

Meppel 1 – SDS 1 3-1
Neffens hearen en sizzen wie SDS better, mar dat levere net folle punten op. Tsjalling Sikma skoorde.
Sjoch hjir foar it ferslach fan Siem Sikma.

Hardegarijp 2 – SDS 2 7-1
In komplete off-day foar SDS 2. Henk Postma makke noch de 1-1 en by de rêst wie it noch 2-1. Oer de rest sille wy it mar net mear hawwe.

SDS 4 – Zeerobben 4
It koe alle kanten út. It giet de ferkearde kant ú. Undanks it prachtige doelpunt fan Doede Sijszeling koe SDS 4 net winne.

SDS 5 – Veenwouden 4 4-1
Op
‘e nij is it SDS 5 dy as ienige senioarenteam fan SDS punten pakt. Anko Elgersma wie de man fan de wedstryd.
Doelpunten wiene der fan Anko, Jacob, Harm Auke en Ids.

SDS A1 – CVVO A1 8-6
In kuorkebalútslach by SDS A1. Nei in kertier al 4-0 foar en dêrnei noch in hiel soad goals. Wy sjogge no al út nei it ferslach fan Klaas Pompstra.
Hoi Aant, Willem,
“We sjogge al út nei it ferslach fan Klaas”, skriuwe de webmasters….
Dat komt moarn, want ik moat it efkes op my ynwurkje litte. In fuotbalsjow fan SDS A1 EN CVVO A1
Lykas de lieders en publyk fan CVVO hienen wy ek noch nea san ‘spikergekke’ wedstriid sjoen!
Mar ek foar de tiid (yn de wike en foar de wedstriid en yn de boks) barde wol wat.
Der is in hiel soad te fertellen oer dizze wedstriid, dat moarnier nei de kofje gean ik skriuwen!
We begjinne mei Jort Strikwerda. Hy giet 10 minúten foar tiid in duel oan mei in spiler van CVVO.
Hja falle oer inoar hinne en it gewicht fan beide spilers drukt op de ankel fan Jort die yn in koele leit.
Sakrekt skille mei Jort en mem Janke fertelde dat hja yn it sikehûs noch net wisten wat der oan skeelde.
Brutsen wie de ankel net, mar dat aai heart der ek net. Skuort as net? In wike rêst mei krukken.
Betterskip Jort!
Dan efkes de goals.
4”  Bauke Jan spilet djip op Andries en die sjit hurd ûnder de keeper troch, 1-0
11” Let Op! In wrâldgoal fan Freek! De streep fan Freek fan 30 meter ûnder de latte!, 2-0
11” Andries djip stjoert troch Wytse, op maat foarset op Jacob, tikket geweldich yn, 3-0
12” Andries komt yn it sintrum oan de bal, op eigen krêft nei de goal en skoart! 4-0
Trije goals yn 2 minúten! Betink it mar.
13” CVVO skoart út in frije traap mei in luchje fan bûtenspul
19” In foarset fan rjochts wurd yntikke 4-2
20”Andries wurd wer ris lansearre troch Wytse, 5-2
24” Frije traap CVVO giet der yn, 5-3
29” Wer in frije traap die der yn giet, 5-4
35” CVVO skoart wer en Tamme smyt de flagge del, 5-5
45” Man fan de wedstriid stoppet penalty! (ík stroffele en foel yn de hoeke, sei der letter)
53” Andries de bal op maat foar en Wytse kopt yn, 6-5
72”CVVO wer oan bar, 6-6
78”Wytse set nei in pass fan Ewout de oanfal sels op mei Arjen die werom leit fan de efterline, 7-6.
85” Nei trije pittige slidings wit Jelte Pieter de bal op Wytse te jaan die sjit op de keeper.
De bal rollet nei de goal en de line en… Wytse rint der efter oan en sjit yn it dak fan it doel, 8-6!
Man fan de wedstriid: Harm Jan Kamstra, penalty stoppe en twa hiele moaie, wichtige rêdingen mei applaus fan it publyk!
Tige tank oan Ronald, Jarco en Peter die harren opoffere ha foar it team!.
De B-spilers Kristian Gaastra en Christiaan Plantinga spilen om taktyske redens!
Moarn mear!!
Publyk tige tank foar jimme stipe!
André Vink tank foar helen by Jort
Ap Scheepvaart tank as ynfallend bestjoerslid fan tsjinst
Jan Strikwerda foar meinimmen Jort
Klaas
Sjoch hjir ek noch foar in ferslach fan Klaas.

SDS B1  – Nijland B1
De wedstrijd begon om 10:30
Na een goeie warming up ,en toen nog even de box in voor een goeie peptalk,
Gingen we voor de wedstrijd, we waren uiterst geconcerteerd om vandaag de 3 punten te pakken.
Het eerste kwartier was voor ons omdat we erg fel begonnen,
De bal kwam in de 16 meter gebied van Nijland waardoor en een hands kwam een penaly dus,
Kristiaan schoot de bal koelbloedig in de hoek een verdiende 1-0 voor ons.
Nijland gaat druk zetten maar Sds houd het achterin goed dicht.
Daarna komt er weer een bal in de 16 van Nijland na wat gerommel kan tjeerd de bal er nog in krijgen, 2-0 dus voor sds.
Dus we gingen de rust in met 2-0 een lekkere voorsprong dus.
En de 2de helft begon weer en nog steeds waren we scherp om de 3 punten binnen te halen,
Tjeerd maakt een paar goede acties over de linker flank na een paar voorzetten die geen succes hadden probeert hij het nog een keer, en de bal waait door het wind zo het netje in
3-0 dus.
En nog een keer Tjeerd profiteert van zijn snelheid en draaft zo weer de linker flank er uit en komt 1 op 1 een  koud kunstje en tjeerd prikt de bal er weer in Hat trick voor tjeerd en de 4-0 voor ons.
Wij zakken een beetje terug want een 4-0 is een ruime voorsprong, dus Nijland gaat wat druk zetten.
En zo ook een paar goeie kansen krijgen maar Thor houd de nul.
De laatste 2 minuten breekt Nijland er 1 keer goed door en maken zo ook hun goaltje 4-1.
En dat blijft ook een eindstad een goeie overwinning voor ons en de 3 punten zijn verdiend binnen.
Stefan Visser

Letter mear!