Weppers moandei 17-11

Weppers snein 16-11
14 november 2008
Weppers tiisdei 18-11
17 november 2008

Sixteen….sixteen
SDS 4 hat sûnt koart Christoffer yn de gelederen. Syn fiertal is Ingelsk. Dêrom hearden wij Johan Delfsma roppen: “Sixteen, sixteen” doe’t Christoffer de efterline helle en foarsette soe.

10 út 9
Harm Auke hat no 10 doelpunten makke út 9 wedstriden. De komplete list kinne jim
hjr sjen.

4 kear 45
Jelle de Boer fluite sneon SDS 4. Doe’t de skeids fan SDS 5 net kaam, iet Jelle efkes in banaan op en fluite SDS 5 ek noch. “Nei 180 minuten siet ik wol tsjin de kramp oan” sa sei hij nei ôfrin.

Pech
In grut spektakel ôfrûne sneon by de wedstryd tusken SDS A1 en CVVO A1 rûn foar Jort Strikwerda net al te gelokkich ôf. Hy moast
blesseard fan it fjild ôf en moat sawiesa in wike mei krukken rinne.

Wat minder pech
By Meppel 1 – SDS 1 foel Jacob Klaas Haitsma sneon út mei in blessure oan it ankel. Wy tinke net dat Jacob-Klaas op krukken hoeft te rinnen, want doe Ajax de 2-1 makke tsjin PSV juster sprong hy hast tot oan ’t it plafond.

Boetes
Suarez hie wer hiel wat moaie aksjes snein yn de wedstryd fan Ajax tsjin PSV . De moaiste aksje wie lykwols fan in oar. 

Cristiano Ronaldo
Cristiano Ronaldo wurdt sjoen as ien fan de beste fuotballers fan de wrâld. Dochs hat hy ek wolris in misser. Fan ‘e wike kinne jim hjir in pear sjen. Hjoed de earste. De EHBO hat der noch by west om syn fuotten út de tiezen te heljen…………..