Weppers snein 15-5

Utslaggen sneon 14-5
12 mei 2011
Weppers moandei 16-5
15 mei 2011

B-selektie 
Om het seizoen op een mooie manier te eindigen, wil ik dinsdag nog 1 keer trainen. Ik hoop dat iedereen van de b-selektie aanwezig kan zijn. 
Zaterdag gaat het tweede het seizoen afsluiten met een barbecue.
Johan

It wûnder fan Hidaard
SDS hat de lêste wiken yn it pittoreske Hidaard traind, omdat it goed wie om op gers te trainen. Wij tinke dan ek dat de basis fan dizze lêste punt yn Hidaard leit en neame it dêrom “it wûnder fan Hidaard”.
It wie noch net sa maklik allegear sneon mei de regels en de ûntwikkelingen. Earst wie der diskusje oer hoe’t it no krekt siet mei de mooglikheid at meardere klups gelyk yn punten einigen. It bestjoer hie alles útsocht en kaam ta de konklúzje dat bij streekrjochte degradaasje it doelsaldo net fan tapassing wie mar bij neikompetysje wol.
Doe kaam yn it skoft ek noch it berjocht dat it Fean 58 de iene punt net mear yn mindering hie. Dêrtroch hie it Fean in punt mear as SDS mar in gelyk doelsaldo.
De 1-1 fan SDS levere krekt dat puntsje op om gelyk te kommen mei it Fean ’58 en trochdat de Feansters ferlearen wie harren doelsaldo oan de ein fan de middei minder.

Troch de 1-1 fan sneon
Omdat Zeerobben sneon net wûn en Kollum wol, meie beide ploegen noch in beslissingswedstriid spylje. Justerjûn wie fia de twitter al bekend hoe en wat.

Wepmasters

En wylst de iene wepmaster hjoed hoopfol nei Amsterdam ôfreizget, leit de oare fannemeiddei lekker op de bank foar Eredivsie Live.

Doelpunten
In oantal alvetallen binne no útspile, in oantal ek net. It doelpuntenklassemint sjocht der
sa út. Us konkluzje is no al dat Jitske Plantinga de topskoarster fan 2010-2011 wurdt. En foar de dúdlikheid: Nettsjinsteande it feit dat SDS 5 en SDS 4 út de kompetysje binne, litte wij de doelpuntenmakkers stean.

Lotten
De kommende wike wurdt der mei lotten sutele foar in minwaarfersjenning. Jim kinne der
hjir mear oer lêze.

Gjin weppers mear hjoed
De kâns dat der jûn noch weppers komme is tige lyts. De iene wepmaster sit yn yn it feest en oare is oanslein. Dat Feyenoord gjin kampioen wurde is dat is dan dêr oan ta, mar Ajax……