Evenementen in november 2022

Utslaggen 14-11
13 november 2009
Weppers moandei 16-11
15 november 2009

SDS 1

De doelman fan Blauw Wit fjouwerentriitich 1 hie it sneon net maklik yn Easterein, mar leafst 5 kear mocht hij fiskje. En Henk Bootsma lei dêr dizze kear fan fêst. Siem Sikma makke  it ferslach en hij seach in befrijd spyljende Skelte Anema.

Piter
Oars altiten mei de bal oan de foet, mar no op krukken. Pieter Sytsma (D1) hat syn grutte tean stikken en kin efkes net balje.

Hoekstra is de namme
Al wer trije Hoekstra’s yn it fjild bij SDS 5. No alle trije op it middenfjild. Doe’t ien fan de mannen trakteard waard op in giele kaart tsjin Zeerobben frege de skeids hoe’t er hiet: “Hoekstra , mar wol mei in C der foar oars krij ik spul mei myn broers”

Hyves
Piter Lieuwe van der Valk (SDS 4) ferspruts him tongersdeitejûn raar, doe’t it oer de poppe fan Lieuwe Jan vd Brug gie. “Ik haw op Hyves sjoen dat…….”
“Wat, do op Hyves, Piter, no moat it net mâlder, de ynfloed fan Hester is no al te merken.” wisten syn frijgeselle maten. Miskien in tip foar de Treffer redaksje
om te sjen hoe`t sit mei syn freonen syn krabbels en knuffels.

Wol wat let!
Wij hawwe begrepen dat de Da2 justermiddei foar neat
nei Grou ôfset binne. De wedstryd wie ôflast.

Gebit
Soms heare wij dingen wêr`t je best in wepperke fan meitsje kinne. Mar soms wurdt der al bij sein net op de side sette! Wij fine yn dit gefal dat Klaas Overal gelyk hat. Gjin wepper oer Klaas syn tosken.

28 graden
Doe’t SDS 5 sneontemiddei om 13.30 fuort soe, wie Jacob Plantinga der net. Oars altyd moai op tiid. Dus lieder Eddy mar efkes belje: “Mei Jacob”……”Nee, dat fuotbaljen sil wol neat wurde, ik sit hjir op de Kanaryske eilannen”

Tip
Tip foar in reinige of droege
en/of winige sneintemiddei. Hjoed om 17.00 oere trede Ernst Langhout en Johan Keus op yn de bar fan it Dielshûs.

Pupillen fan de wike


Henk Bootsma makke sneon wer twa foto’s fan de pupillen fan de wike. Op de boppeste foto stiet Jelmer Leijstra fan E1 mei Tsjalling Sikma. Net tafallch dat Jelmer mei Tsjalling op de foto stiet. Hij is in selde soart spiler en …syn pake hyt ek Tsjalling (Reitsma).
Op de twadde foto stiet Sybren Bootsma, ek fan E1. Hij keas Arjan Posthumus út.