Weppers moandei 16-11

Weppers snein 15-11
14 november 2009
Weppers tiisdei 17-11
16 november 2009

Tolve tsjin tsien

Bij SDS 5 hiene se sneon it gefoel dat se tsjin 12 man fuotballen en sels ien minder hiene.

Bekerje
SDS 1 mei tiisdeitejûn oantrede tsjin
Flevo Boys út Emmeloord. Dizze haadklasser docht it dit jier prima. De wedstryd begjint om 20.00 oere en wij hawwe begrepen dat ús spesjale ferslachjouwer Siem Sikma ek ôfreigzet nei Emmeloord.

Seleksje SDS 1
Hjir de seleksje fan SDS 1 foar de bekerwedstryd foar moarntejûn tsjin Flevo Boys 1. De folgende minsken fertrekke om 18.00 oere:
Jaap, Ewout, Tsjalling, Erik, Jacob Klaas, Arjan, Feiko, Feite, Redmer, Freek, Skelte, Hendrik, Dirk Yde en Jacob von Wieren.

“Womanizer”
By SDS 3 hawwe sy in echte “womanizer”(sis mar frouljusfersierder) yn it team. Ôfrûne sneon stienen der oan de kant by SC Joure 2 – SDS 3 in pear “chickies”(sis mar famkes) te sjen. De rjochtsbûten fan SDS 3 wie dit fansels net ûntgien en die by tiden noch hurder syn best. Doe ’t Jelte-Pieter Dijkstra de 1-0 makke draafde de rjochtsbûten lyk mei gang by de “birds” (sis mar famkes) lâns en rôp: “Deze is voor jullie, dames………..”

SDS League
Dizze wike is der alwer gjin SDS League. Marten Faber kin dus in wike ekstra genietsje fan syn earste plak, al docht der dat spitich genôch yn de lappenmand.

Krease assist
Somtiden is de assist kreaser as de goal. Nim dizze: