Weppers snein 15-10

Sneon 14-10-2017
13 oktober 2017
Foar €10,- nei sc Heerenveen – Vitesse!
17 oktober 2017

Wedstrydferslagen

Wy hawwe alwer in pear wedstrydferslagen binnen krigen en der sille noch wol mear folgje. Hawwe jim wat te melden oer ien fan de wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl

Nei de bestjoerskeamer

It falt op dat der hieltiten minder leiders harren melde yn de bestjoerskeamer. Hjirtroch witte sy b.f. net dat sy efter de sporthal yndrafe moatte of dat sy de limonade yn de rêst sels efkes ophelje moatte yn de kantine. Heechstwierskynlik is ien fan de oarsaken hjir fan dat it wedstrydformulier tsjintwurdich digitaal mei de tillefoan ynfuld wurde kin wêrtroch je net mear nei de kompjoeter yn de bestjoerskeamer hoefe. Om lju der dochs op te wizen wêr de bestjoerskeamer is hat Bauke de Boer in moai buordsje makke;

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Vitesse!

Om ’t SDS de trainingsmetoade fan de VTON brûkt mei SDS kaartsjes oanbiede foar sc Heerenveen – Vitesse foar mar 10 euries. Dizze wedstryd sil kommende snein spile wurde om 16.45 oere. Miskien wol aardich om mei je hiele team der hinne! Hjir kinne je de kaarten bestelle!

Oppimpe

De Skoalleseize is dwaande om de kantine wat op te pimpen. De kantine sil ferve wurde en der binne krease banken ynkommen. De materiaalmannen hawwe se lyk al efkes probeare:

Ek te brûken as lisbanken.

SDS-supporters

Yn Starum stienen der juster mar leafst in stik of 30 SDS-supporters lâns it fjild te sjen nei QVC 1 – SDS 1.
Dat belooft wat foar de derby kommende sneon út by Nijlân!

QVC 100 jier

As je by QVC binne dan heare je dêr ek altiten de ferhalen oer it âde fjild oan it Iselmar. Hjir kinne jim der in alderaardichst stikje oer lêze en in byld krije oer hoe as dat doe wie.
Dit stikje sil ek komme yn it boek oer QVC wat yn desimber ferskynt y.f.m. it 100-jierrich jubileum.

Skoen fergetten…………

Auke Hiemstra wie lêsten syn fuotbalskuon fergetten doe ’t hy mei SDS 3 fuotbalje moast. It giet ynmiddels alwer stikken better mei him, want hy wie juster mar ien fergetten………

Oan it wurk!

Ús fysiotherapeut yn oplieding Foeke Reitsma koe ôfrûne tongersdei op syn jierdei wol frij fan syn wurk by SDS 1, want alle spilers wienen hartstikke fit útsein Pieter Sijtsma dy ’t noch mar krekt opereard  wie en dus noch neat mei te dwaan. Ynmiddels binne wy 3 dagen fierder en is it hielendal oars. Erik Haitsma hat in stiif kût, Hendrik de Jong hat lêst fan de hamstrings, Jacob-Klaas hat lêst fan syn ankel, Ewout hat op ‘e nij lêst fan de knibbel en Pieter is no wol hast oan revalidaasje ta. Foeke kinnen de mouwen mar fêst opstrûpe om de mannen fit te krijen foar dé derby tsjin Nijlân fan kommende sneon!

SDS-Look-a-likes!

Foar de nije Treffer binne wy wer op syk nei SDS-Look-a-likes! Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal of oars ien of wat lykjen, mail ús dan in foto. It leafst dan ek efkes mei de foto op wa ’t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd!
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl.
Foar ynspiraasje kinne jim hjir noch wat âlde SDS-Look-a-likes fine.

Harsens derby (1934)

De keeper fan Borussia Dortmund hat de gewaonte om foar de wedstryd altiten efkes de wedstrydbal te fielen. Dat is sa makkelijk noch net om dat foar elkoar te krijen.

 

Letter miskien mear!