Weppers snein 14-3

Utslaggen sneon 13-3
11 maart 2010
Weppers moandei 15-3
14 maart 2010

Nijland 1 – SDS 1
De wedstryd Nijland 1 – SDS 1 kleure juster read en giel en waard úteinlik mei 2-1 wûn troch Nijlân. Henk Bootsma makke bulten foto’s dy ’t jim hjoed of moarn hjir fêst sjen kinne.

Harm Stremler benut de penalty foar de 1-0

(foto Henk Bootsma)

Fûn
Er zijn gister een tweetal tassen met smerige shirts gevonden in box nr. 5 ( waarschijnlijk van E-4 of F-2 ) en in de berging ( waarschijnlijk van ???????). Omdat ze nat en vies zijn, is het misschien wel zaak om deze zo spoedig mogelijk op te halen.
Voor informatie: W.Twijnstra, tel 0515-332570 of e-mail: w.twijnstra@home.nl.
Met vr.groet, Willem Twijnstra.

F5

Foar F5 begong de kompetysje sneon ek. En alles is nij. Foar it earst tsjin in oare klup, foar it earst mei allegear heiten en memmen oan de kant, foar it earst mei in echte skeids en foar it earst op de foto. En dat lêste foel noch net ta. De lieders hiene “klauwen” om se yn posysje te krijen. At dat noch wat wurden is, kinne jim yn de nije Treffer sjen, dy’t oer in wike of sa útkomt.

Sponserjûn
Efkes in herindering foar de sponsers en freonen fan SDS. Jim kinne jimme noch oanmelde foar de sponserjûn oant e mei tiisdei 16 maart troch de retoer slúf yn te stjoeren. Foar wa de slúf kwyt is kin him ek oanmelde mei de e-mail en wol op it adres
PRcommissie@vv-sds.nl 
Ek sponsers wa net komme soenen we graach ôfberjocht fan ha wolle. 
Oant 23 maart 20.00 oere op de sponserjûn.
De PRcommissie

Ajax – PSV
Fansels is fannemiddei om 16.30 de topper tusken Ajax en PSV te sjen yn de Jimbar.

Harsens derby (163)
16 jier en dan al sa ’n goal meitsje: