Weppers snein 13-4

Utslaggen 12 april
11 april 2008
Weppers moandei 14-4
13 april 2008

Ôfpraat?
Justermiddei om 13.00 wisten wy al dat SDS 5 in puntsje út Tsjom meinimme soe. De  2 wepmasters fan Wommels.nl en feteranen fan SDS 5 en Tsjom 3 wienen der op de Walperterwei al út………….

It bewiis!
As jim goed sjogge dan knipeaget Frouke, oftewol ien punt foar Tsjom………


Tuskenstop
It is dúdlik te merken dat de Slachte dit jier wer holden wurde sil. Der wurdt omraak oefene. En at je in ein rûn hawwe dan moat er efkes piipskoft holden wurde. Sneontemoarn tsjin alven struts in groep fan wol 30 man/frou út Snits wei de fuotten efkes yn de kantine fan SDS, ûnder it genot fan in bakje kofje, skonken troch de twa sweagers.

Neat op de side sette”
Sa’t jim miskien wol witte, rinne Oebele en Aant tusken de middei altiten efkes troch Snits. In fêste route, dy’t ek bij in ferneamd drugspand lâns rint. Woansdeitemiddei stoppe der in bestelauto fan in bekend
ferfiersbedriuw. De sjouffeur stapte út mei twa lytse pakjes en de konkluuzje wie gau lutsen: “Nije foarrie” brocht troch de drugskoerier.
De sjouffeur kaam harren wat bekend foar en de stem al hielendal doe’t er sein waard: “Neat op de side sette!

Oefenje

Binnenkoart binne de skoalkampioenskippen fuotbal wer yn Easterein. De famkes fan Easterein wiene sneon al aardich oan it oefenjen op de Skoalleseize. Ien fan de jonges mocht ek meidwaan.

Fan 16.30 nei 12.00
Foar SDS 5 stie der in lette kompetysjewedstryd op it programma fan kommende sneon. Se moasten om 16.30 oantrede tsjin Makkum. Gelokkich foar de hearen is dat no omsetten nei 12.00 oere.

Play-Offs
Nei folgend wykein kin de ploegen yn de eredivysje harren opmeitsje foar it jierlijkse “toetje”; de Play-Offs. Witte jim noch hoe’t it wurket? Sjoch
april 2024