Weppers snein 13-4

Útslagen sneon 12-4
10 april 2014
Weppers moandei 14-4
13 april 2014

Moandeitejûn Woudsend 2 – SDS 3
Fuort:18.45
Spylje: 20.00
Pieter K, Sytse H, Remon R, Jurjen E, Jesse v.d. W, Stefan van K, Hendrik E, Andries L, Klaas-Bauke F, Feite de H, Geert(de iismaster), Stephan K, Hendrik de J en Willem W.
Riders:
Sytse, Jurjen, Geert en Pieter

Sponser

Kommende sneon mei SDS 1 it opnimme tsjin Nijland 1. De klup út Aaipopsity hat al 25 wedstriden net ferlern, twitterje se grutsk.  Mar foar kommende sneon binne se der net alhiel gerêst op. Seker de sponser net. Hij hat in ekstra ferdigeningsblok oanrukke litten.

Foto’s SDS F1 – Opeinde F1
Henk Bootsma sjitte juster wer alderaardichste plaatsjes by de bekerwedstryd tusken SDS F1 en Opeinde F1. Jim kinne se hjir besjen.

Triatlon
Sportive SDS-ers dy’t de triatlon nochris dwaan wolle krije ek dit jier wer de kâns. Sneon 6 septimber fanút it swimbad yn Wommels. Ynskriuwe kin fanôf moarn. Sjoch hjir.

Erik
Wij seagen juster al efkes bij in tsjinstanner fan kommend jier. Want de kâns dat WPB it noch rêdt liket ús net grut. Sij wûnen juster wol en dat troch in doelpunt fan…..Erik Haitsma.

Oktopus

Mei grutte bewûndering seagen wij sneon nei dat lytse mantsje yn dat dochs wol grutte doel bij SDS F1. Jesmer Zonnenberg makke mei syn hannen en fuotten it ferskil en hij waard op Twitter al de “oktopus” fan SDS neamd.

SDS 2
SDS 2 traint moandei wat letter as oars. Namelijk tongersdei om 19.00……..

Harsens derby(1249)
Dizze keeper stiet net foar neat op de goal…….