Ut- en ferslagen sneon 12-3

Seleksjes sneon 12-3
10 maart 2016
Weppers snein 13-3
13 maart 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!


Tiid Wedstryd   Útslach
8:45 SDS C1 AVC C1d  9-2
8:45 SDS E2 SWZ Boso Sneek E5  5-4
8:45 SDS E4 SC Bolsward E9  7-1
9:45 SDS F1 Lemmer F1  1-2
9:45 SDS F3 Heeg F2  1-6
10:10 SDS A1 Terschelling A1  5-0
10:35 SDS D1 Terschelling D1G  0-1
11:50 SDS MD1 Tzum MD1  0-6
12:15 SDS C3 Oudega/HJSC/HeegC3  2-5
13:00 SDS VR1 NOK VR1  3-5
14:30 SDS 1 NOK 1  2-0
15:00 SDS 3 ONS Boso Sneek 6  4-1
9:00 IJVC/B’huis B1 SDS B1  2-1
9:15 Makkum F2 SDS F4  5-1
10:00 Arum E1 SDS E1  6-5
10:00 TOP’63 F1 SDS F2  
10:15 SC Bolsward E5 SDS E3  8-5
11:00 TrynwaldenMC1 SDS MC1  7-0
12:30 fc Harlingen C2 SDS C2  2-3
14.30 Sch’goutumD3G SDS D2  1-3
14:00 AVC 2 SDS 2  2-1
15:00 Frisia 1 SDS 4  1-1

SDS 1 – NOK 1
Ek no bleau SDS wer oan de goeie kant fan de skoare, Fan NOK waard fertsjinne wûn. De kânsen dy’t er wiene, wiene foar SDS. Teun Heeres skoade yn de earste helte en Erik Haitsma die dat yn de twadde. Jelmer P en Grietzen B foelen blesseard út. Ut de lêste 4 wedstriden hellet SDS 1 njoggen punten. Dat is in prima prestaasje. De stand sjocht er no
sa út en dan te witten dat SDS sneon nei Makkum moat.

AVC 2 – SDS 2
SDS 2 wie wier net minder as de Seisbjirrumers en bepaalde sels in grut part fan de wedstryd it spul. AVC stie by rêst mei 1-0 foar, mar Willem makke der nei de rêst 1-1 fan en dat soe de ommekear yn de wedstryd wurde. Wie it net dat AVC noch efkes 2-1 en 3-1 makke.
SDS 2 moest gisteren tegen Avc 2 aantreden. De thuisploeg stond met 4 punten in de onderste regionen van de competitie, terwijl sds 3e stond.
De thuiswedstrijd werd door ons moeilijk gewonnen, dus van onderschatting was geen sprake. Het “liep” gewoon niet bij SDS, passjes net te kort, net te zacht, niet zuiver genoeg, een scheidsrechter die net iets te veel “thuisfluite”, een grensrechter die, om tijd te rekken, de bal wegtikt, een tegengoal die naar buitenspel riekte, kortom, een moeilijke middag. Aan de inzet heeft het niet gelegen, die was er zeker wel, maar soms heb je een wedstrijd die je gewoon niet kan winnen, hoe graag iedereen ook zou willen….
Door de 3-1 nederlaag en de overige uitslagen zijn we wel gezakt naar plaats 5. Nog een wedstrijd of 6 om weer iets te stijgen!!! Volgende week thuis tegen H’veense boys.
Boudewijn


SDS 3 – ONS 6 4-1
SDS 3 wint op ‘e nij. Dit kear mei 4-1 fan ONS. De doelpuntenmakkers wiene Harm Auke, Henk, Robert en Harm. 

Frisia 1 – SDS 4    1-1
Us korrespondint Arjan jout it treffend oan: doelpunt al wer fan Ruun!
Man fan de wedstryd wie de keeper fan SDS 4; Stephan Kok.

SDS VR1 – NOK VR 1      3-5
Doelpunten fan Akke Rixt en Tjitske (2).

SDS A1 – Terschelling A1
Terschelling het schip in
Deze wedstrijd begon wat anders dan anders, met name vroeger doordat Terschelling weer snel op de retourboot wilde. Verder bleek bij de start Klaas ineens in Spanje te zitten, dus de teammanager moest de mindset op grensrechter zetten! Langs de kant ook al een opmerkelijk fenomeen. Daar zat ‘a real Barack Obama look alike!’ In vol ornaat, driedelig pak met keurige rode strik. Het enige wat ontbrak waren een paar mooi gepoetste schoenen. Habtamu speelde niet mee, maar bereikte later op de dag wel de halve finale van de speechcontest! Je kan niet alles tegelijk, dus Yward in de spits, en Piter weer eens op rechtsback in de basis. Gerwin met kapotte pols eveneens langs de kant en twee twijfelgevallen, Jorrit H. en Almar K., waarvan de laatste het toch maar probeerde. De boodschap uit de voorbespreking was duidelijk: Dit soort wedstrijden zijn wellicht moeilijker dan de toppers, dus hou focus! Aanvankelijk lukte dat slecht. Dit kwam mede door fysiek pressievoetbal van de tegenstander, waar we even aan moesten wennen. Even, want al snel stond toch de 1-0 op het bord door een typische Lourens-goal vanaf links. Dan begint het toch te lopen. De 4-0 (Yward, met a little help van de keeper, Lourens na een vloeiende teamaanval en opnieuw Yward met een beauty) was ruststand. In de tweede helft gebeurde er van beide kanten te weinig om het publiek goed te kunnen vermaken. Wiebe maakte nog wel de 5-0, wederom met hulp van de keeper en daar bleef het bij. Auke kortte de wedstrijd wat in vanwege de boot en met drie punten in de knip werd de douche opgezocht. Terechte overwinning, knap herstel in de eerste helft, leuke goals en uiteindelijk blijft er een mooie prijs in het verschiet als we de concentratie vasthouden. Volgende week Dronrijp uit, altijd lastig!

Tjerk

SDS C1 – AVC C1    9 -2
Fakansje en in wike nei de snie is fansels geweldich, mar fuotbal is en bliuwt it moaiste wat der is. Gelokkich koene we dus nei twa frije sneonen dan eindlik wer los. Thus tsjin AVC ut Seisbierrum.   
Der wurde ofrune wike nogal wat hin en wer skood mei de tiid. We soene earste 10.15 oere spylje, dernei 12.15 oere en uteinlik feroare it dieselfde dei noch nei 8.45 oere. No binne de jongens fan C1 net sokke utsliepers, dus dit betiide tiidstip wie dan ek hielendal gjin probleem. Guon seine noch; no ha we ek noch wat oan de dei ….  Yn Seisbierrum hiene we destiids mei 7 – 0 wun, mar fan underskatting mocht fansels gjin sprake weze. Fanof it begin fol op ‘e oanfal en sa gau mogelik probeare in goal te meitsjen. Dit slagge, want al nei 2 minuten skeat Steven de 1 – 0 binnen. Dieselfde Steven makke der nei in kertier ek 2 – 0 fan. Yn minut 17 wie it de sterk spyljende Stan die der 3 – 0 fan makke. 4 – 0 troch Sjoerd de Boer en 5 -0 troch Sander (prachtig ofstanskot). Hendrik woe ek graach skoare, mar hy die dit jammer genoch yn eigen goal. Foar rest makke Stan der noch     6 – 1 fan. Yn ‘e twadde helte makke Hendrik syn foutsje goed; In stakke korner fan Kent wurde troch Hendrik snoeihurd ynkopt. Kent makke sels yn de 19e minut de 8 – 1. At it sa makkelik giet, ferslapt de konsentraasje ek wol in bytsje, dat is logisch. Hjirtroch koe AVC noch in kear skoare. Kent makket dernei noch de 9 – 2. De leste fiif minuten Sjoerd yn ‘e goal en Mark yn ‘e spits. Wat hie it moai west at Mark noch in goal makke hie, mar der wie de tiid te koart foar. Twa minuten foar tiid fluitte de skiedsrjochter foar it ein fan de wedstriid. In grut kreftsferskil, mar it moat altyd noch wol efkes gebeure. Eltsenien wer in goeie wedstriid, mei nammen ek Douwe Jan. Nei in mindere periode mei u.o blessures, liet hy hjoed wer sjen dat hy hiel goed fuotbalje kin. Konkurrint Frentsjer ferlear thus mei  2 -1 fan SWZ, dus dat is gunstig foar us. Oare konkurrint Leovardia wist wol te winnen.           
Nije wike ut tsjin Boalsert en de wike dernei de kreaker yn Ljouwert tsjin Leovardia.
Theo.

Arum E1 – SDS E1
Nije kompetysje nije start. We ha it sealfuotbal efter de rêch wer’t we as 2e eindige binne op doelsaldo, of dielt earste kin je ek sizze. Mar ja it bliuwt in 2e plak. Mar hjoed wer nei bûten ta mei de mannen. Se hiene der wer sin yn en no tsjin Arum debutant yn de 2e klasse, kampioen fan de 3e klasse. Wer’t SDS noch keunstgers oanlizze moat hat Arum it al 8 jier lizzen. En hjir mochten wij op los, en dermei toch in bytsje yn de minderheid hjirtroch. We starten direct mei in 0-1 foarsprong, troch Ate. Mar al gau kaam Arum op stoom en krige de oerhân en mei rêst stie it 4-1! SDS stie slap te fuotbaljen en der hearen hiene de kopkes hingjen. Doch wat ûnderskatting? Yn de boks de mannen wat opkallefatere en de boadskip mei jûn dat as Arum 4 meitsje kin yn 1 helte dan kinne wij dat ek. We stiene dan ek wer as earsten op it fjild en foar de wyn en de sinne op de goal fan de tsjinstanner. Der fel op en sa waard it al gau 4-2, troch Redmer. De rêch rjocht en sa kaam de 4-3, Sije. De wedstriid wer hielendal iepen en Arum hapte nei lucht. Troch in moaie foarset en actie fan Yke kaam, koe Pieter de 4-4 oantekenje. Arum stie op ynstoarten noch in lyts tikje. Dochs troch dat SDS alles op de oanfal sette en Niels allinich efteryn stie de 5-4 om de earen. Mar SDS gie net bij de pakken delsitten en kaam troch assist fan Sjirk en goal fan Redmer op 5-5! Noch in pear minuten te gean en SDS krige 4 korner efterelkoar mar op wûnderbaarlike wize gie de bal der net yn. Noch in best skot fan Redmer en in grutte kans foar Sije mar it slagge net. Dernei troch djippe úttraap fan Arum en it stuiterbal effect op keunstgers wertroch ús ferdedigers missieten, in 6-5 foar Arum….
Hearen ik ha in prachtige 2e helte sjoen, wer’t alles yn siet. De earste sille we mar ferjitte. Nea opjaan is it credo no fan E1 en dan kinne we hiel fier komme dit seizoen. Nije wike pakke wij de punten!
FR 

Makkum F2 – S.D.S. F4     5 – 1
Mei in kompleet nij team moesten wij hjoed betiid yn it kalde mar sinnige Makkum. De jongens hiene der syn yn en de 1e helft waard der prima oerspiele op it middenfjild troch Jorrit, Marijn en Jarno, en goed ferdigende troch Hessel, Eelke en Sven Jitse. Omdat wie 1 spylster (Corrie) troch sykte misten die Sibrand fan F2 mei us mei, die stie foaryn mei Wytse. Sybrand makke 5 min. foar rust de 0-1 en omdat Sander in pear goeie reddingen die en dus de nul hold,  giene we enthousiast de boks yn foar limonade… Mar helaas hiene se net allegear troch dat we nog in helft moasten skynbar, of hiene se al hun energie al yn de 1e helft ferbrukt… want yn de 1e min. nei rust krigen we al in goal om de earen. Sander hie nog in pear goeie reddingen mar moest helaas nog 4 x fiskje… self kamen we eins net mear yn de buurt fan de Makkumer keeper. De 1e wedstriid dus ferlen mei 5 – 1, mar fol goeie moed hawwe no 3 thuswedstriden op rij op’t programma en sille we probeare us 1e punten te pakken.
Bas

Fjouwer

Wat kinne je allegear wol net dwaan mei 4 man op in freedtejûn yn Easterein ? Dat is net samar in fraach.
Klaverjasse, mar dat moatte der wol
kaarten wêze…… Kwartette, dan moat wol immen it Frysk boerekwartet meinimme……
Je kinne gesellich in bierke drinke yn de
Schotse Vier, mar dan moat de Waddensee earst droech lizze…..
Je kinne in
klaverke 4 sykjen gean en dy dan earlik diele, mardan moat it net tsjuster wêze…
jJ kinne “
4 op in rij” dwaan, mar dan moat it wol foar hannen wêze…..
Je kinne ek
roeien gean, mar dan allinne yn de 4 sûnder stjoerman…..
Wat net kin is Efkes Balje….
Aant