Weppers snein 12-4

Utslaggen 11-4
10 april 2009
Peaskemoandei weppers
12 april 2009

Ferslaggen
Der binne wer hiel wat ferslaggen binnenkommen fan de juster spile wedstriden. Jim kinne se
hjir lêze.

Hendrik
Sa’t jim lêze kinne yn de Treffer sit Hendrik Engbrenghof wat yn in negative spiraal. Siet yn in negative spiraal kinne wij no wol sizze. Hij hat in omslach makke yn tinken. It meitsjen fan doelpunten is net mear sa wichtich. It giet om oare dingen. Juster struide mei paskes, sette de iene nei de oare frij foar de keeper, fersierde in strafskop en wie de man fan it fjild. Dat krigen wij troch fan……Hendrik.

Tjeerd
Tjeerd Dijskrta (hoe skriuwe je dat ek al wer) dwong juster respekt ôf bij elkenien. Hij soe mei SDS 4 45 minuten ektra balje en dat waarden 90 en hij spile mei SDS 5 de 90 minuten út. Op it waarme sportpark wûn hij fansels beide partijen.

Tarieding
De jeugd fan SDS 6 siet yn Aldemardum erfaringen út te wikseljen hoe’t de tarieding west hie foar de wedstriid. Safolle kratsjes, safolle fetsjes en sa let thús. Dat die de âlde garde (Bertus, Marco, Folkert R en Aant) de wynbrauen fronsen want sij wiene nei it 22 oere sjoernaal en twa 7omheegjes betiid op bêd gien. It moat sein wurde: de jeugd fersaakte gjin momint: der hawwe wierskynlik ek fitamines yn de bier sitten want se wiene sa fit as wat.

Stoffel
Stoffel Bouma fluite juster SDS 4. Neffens de mannen fan 4 die hij dat geweldich. Allinne hij rûn wol in pear kear yn it paad en krige dêrtroch de bal in pear tsjin him oan.  Bij it analisearen fan de wedstriid waard dúdlik hoe’t dat kaam:” Wij binne it net wend dat in skeids mei beweecht oer it fjild”

Oprop
De mannen fan SDS 4 dogge in oprop oan de heit en mem fan Gerlof Jan Hofstra:” Hij moat no echt nije fuotbalskuon ha, it kin sa net langer”.

2 deselden
Tom seach juster wat nuver doe ’t hy in skoftke Jeroen en Ronny Wagenaar besjoen hie. “Heit, wat lykje dy in soad opelkoar”
 
Jeroen en Ronny Wagenaar


Gjin bier
De SDS’ers dy ’t fannemiddei nei SC Heerenveen – Volendam gean kinne ûnder de wedstryd net in bierke drinke. Der wurdt gjin bier mear op de tribune talitten neidat der de foarige wedstryd flink mei bier “griemt” is. Spitich fansels, mar begryplik. Dit hienen wy net ek nea fan Gearard Posthumus ferwachte:

Moarn mear!