Peaskemoandei weppers

Weppers snein 12-4
12 april 2009
Peasketiisdei weppers
13 april 2009

Aaipop!
Wij kinne der fansels net ûnderút om de weppers te begjinnen mei in útgeanstip:
Aaipop. It is mooglik dat jim ús hjoed letter treffe bij Die Johannes D. Kernermerskow, bij Gerrit Breteler, bij Mariusz, bij Jitizer, bij Ramsk en seker bij Wiegels Wjukkelmasine.

Of?
Yn hiel Fryslân wurdt op peaskemoandei net fuotballe, mar wol yn Snits. De sneinshaadklassers VV Wit/Zwart-Sneek en SC Joure sille it fannemiddei foar de kompetysje tsjinelkoar opnimme. De wedstryd begjint om 14.00.

SDS 2
Let op. Tiisdeitejûn om 19.30 oere spilet SDS 2 tsjin Staphorst 2. Kom op tiid, want foardat jim it witte is it foarbij. De wedstriid duorret mar in lyts kertierke en begjint bij in stân fan 2-2. Bij winst hat Staphorst in perioade.

SDS 2 – Staphorst 2
18.45 der wêze
19.30 fuotbalje 
De folgende spilers dogge mei:
Marten, Jan Simon, Dennis, Syb, Feite, Henk, Anne, Harm, Wichard, Dirk Yde, Hendrik, Hjalmar.

Traine
Tiisdei traint it twadde en tredde net om 20.00 oere mar om 19.45. Natuurlijk earst efkes sjen bij de leste 10 minuten fan it twadde.
Klaas

Traine SDS 1
De A- seleksje traint tiisdei om 19.45 oere. Sa kinne se earst efkes bij SDS 2 sjen en fansels oanmoedigje.

71 
Mei de measte seniorenteams giet it dit jier dochs wol aardich goed
. Seker de lêste wiken wurdt der omraak skoard. Wij seagen de list efkes troch en sjogge 71 ferskillende doelpuntenmakkers. Dat liket ús hast in rekord.

Supporters
SDS 6 hie sneon yn Aldemardum sels trije supporters. Jelle de Jong, Reinder Hogerdorp en Douwe Hibma kamen, stiene in 20 minuten te sjen en seagen dat it goed wie. Mei in gerêst hert sochten se al gau in oare bestimming.

SDS 3
Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat de lieding fan SDS 3 al drok dwaande is mei folgend seizoen. Nei de 1-0 fan ôfrûne sneon is SDS 3 sa goed as feilich en kin der foarút sjoen wurde. Nije spilers wurde mei nammen yn it ynformele sirkwi ronsele. Om hokker spilers dit giet is ús noch net hielendal dúdlik. Wy hoopje dizze wike mei konkrete nammen komme te kinnen.

Jimbar

It takomstich kluphûs fan FC Wommels bestjit ynkoarten 10 jier. Fansels is ek dit in hiele goeie reden foar in grut feest:


Resesje?
De resesje krijt ek hieltiten mear greep op swier betelle fuotballers. Sommige fuotballers moatte harren skonken sa djoer fersekerje dat sy dat mar leaver net dogge. Sy moatte dan wat betinke om harren skonken te sparjen. Tévèz fan Manchester United hat hjir wat op fûn. No witte wy ek hoe ’t hy oan dat nuvere litteken komt:

Peasketiisdei mear!