Weppers moandei 13-2

Weppers snein 12-2
11 februari 2012
Weppers tiisdei 14-2
13 februari 2012

Gjin trainen
Der kin jûn net traind wurde op it kuenstgers fan vv Sneek/Wit-Zwart.
Johan


Tongersdei kaarte en darte
No tongersdei kaarte en darte yn de kantine om 19. 30 oere.
Aktiviteitenkommisje


Ferve
Wy riede Anne Brouwer sterk ôf om mei dizze glêdens 25 literbussen ferve yn syn auto te ferfieren. Dit kin namelijk rare effekten jaan as der mear minsken yn de auto sitte en je in botsing krije:
paint

SDS League
Wy binne noch altiten drok dwaande om alle teams fan de SDS League yn te fieren. Wy hawwe ûngefear de helte ynfierd, mar kinne no alfêst sizze dat 90% fan de teams Guidetti(FEY) yn de spits hat.

De oare 10% hat him op de rêch???

Marco van Basten? Marco van Basten!
As wy ús ûnbetroubere bron leauwe moatte dan wurdt Marco van Basten folgend seizoen trainer by SC Heerenveen(klik hjir).

Soe Sjoerd van Beem ek sljocht op pannenkoeken wêze?

Harsens derby(685)
Hoesa in schwalbe?