Weppers snein 12-10

Utslaggen 11-10-2008 en Floris
10 oktober 2008
Weppers moandei 13-10
12 oktober 2008

Foto’s
Henk Bootsma hat juster wer hiel wat moaie plaatsjes sjitte kinnen by it fuotbaljen.
Hjir kinne jim se allegear besjen.

De bal glipt ûnder Jaap troch. Durk, Auke en Hendrik sjogge de bui al hingjen…….0-2.

Wedstrydsponsers(of is it -sponsters?)
Dizze SDS-supportsters sponseren juster de wedstryd tusken SDS 1 en LTC 1:

Baukje, Dukke, Tiny, Gatske, Akke, Willy en Eke genietsje fan in bakje kofje mei cake. Annie is efkes nei it húske… 

Keunstgers easket twa slachtoffers?
SDS 4 mocht op it tige besprutsen keunstgers fan Frjentsjer spylje tsjin sc Franeker 7. At it der mei te meitsjen hat, witte wij net, mar feit is wol dat twa man efkes bij it sikenhús del moasten: Tim Houtsma en Bote Strikwerda. Wij binne benijd wat der krekt oan de han is.

Gjin mopkes
Bote Strikwerda rekke ôfrûne sneon dus blesseard yn Frentsjer. Hy hie goed lêst fan de ljisk en gie mei Jacob-Sjirk lyk nei it sikenhûs. Dêr waard fêststeld dat Bote in skuorke yn de ljisk hat. Niks ernstigs dus fierder al sil Bote al in pear wiken oan de kant stean moatte. It slimste is noch dat hy sa ’n lêst hat as hy laket. In mopke is dan ek net oan him besteed. Wy hoopje foar Bote dan ek mar dat hy Hendrik Eringa de kommende wiken net te faak tsjin komme sil yn de buorren fan Spannum……….. 

Leuk
Heard yn de kantine:
“Ivo hat ek lêst fan de kredytkrisis”
“Oh ja,”
“Hij stiet read bij de sperma bank”

50 jier
Drees Haitsma wie net al te fit, sa like it sneon alteast . “Dat klopt”, sa liet hij ús witte,” feessie hân bij Akke Hulzinga, sij is 50 wurden.”
Ek fan ús de lokwinsken.

SMS
Eddy de Boer sms-t nei de wedstryd trou nei it bestjoerslid technyske Durk Okkema. Dy siet justermiddei krekt op dat stuit oan de bar mei Aant, dy’t net mei wie omdat der te folle spilers wiene.
Eddy: 3-2 ferlern, mar goed spile!
Durk: Oare kear Aant mar wer meï
Eddy: En do ek!


De Treffer

De Treffer is sa goed as klear en giet moarn nei Hanzedruk. As it goed is hat eltsenien him dan ein dizze wike yn de bus.

SC Heerenveen – AC Milan
Foar wa ’t net in seizoenkaart foar SC Heerenveen hat is der dochs noch wol in goeie kâns om in kaartsje foar SC Heerenveen – AC Milan te bemachtigjen. Fia Marktplaats is der genôch te krijen(klik
hjir). Oare SC Heerenveensupporters binne hjir net sa wiis mei(klik hjir).

Gelok?
Sommige spilers hawwe der nea muoite mei om te skoren. Al soenen se de eagen ticht hawwe en op de goal sjitte, noch sil de bal sa stuiterje dat der efter de keeper bedarret. Sy kinne by tiden net hurd genôch foar de bal wei komme en hy sit. Sa sis mar: