Weppers snein 11-9

Sneon 10 septimber
9 september 2016
De blik op JO15-1
11 september 2016

Pupillen fan ‘e wike

Wouter Boschma en Auck Dijkstra wienen juster pupil fan ‘e wike by SDS 1 – Heeg 1. Sy hawwe harren tige best fermakke en gienen nei de wedstryd noch efkes mei harren favoryt op de foto; Remco Hylkema.
pupillen-fan-e-wike-wouter-en-auck-10-9-2016

Man fan de wedstryd

Op de tillefoan-app fan Voetbalnoord kinne je sûnt koart oanjaan wa ’t jo fine wa ’t de man fan de wedstryd wie. Je geane dan nei de wedstryd fan SDS en klikke op `Man of the match’. Ferfolgens kies je in spiler út. Dit kin ek ien fan de tsjinstanner wêze. Juster waard dêrtroch Jelmer Posthumus man fan de wedstryd by SDS 1 – Heeg 1. Dit kaam heechstwierskynlik om ’t hy nei 2 wedstriden al op de helte fan syn doelpuntentotaal fan ferline seizoen sit. Hy waard unanym keazen troch alle 2 (!?) lju dy ’t it ynfuld hawwe.
man-fan-de-wedstryd-jelmer-sds-1-heeg-1-sep-2016

SDS-bloed

By Heeg 1 stie juster Marten Wijnja op goal. Marten is de soan fan Joris Wijnja, foarhinne Wommels, dy ’t yn it ferline wol by SDS yn de jeugd fuotballe hat.

Kompetysje-yndieling SDS 3

It docht bliken dat de KNVB inkelde kompetysje-yndielings noch wat oanpast hat. Dy fan SDS 3 bygelyks is aardich oars wurden. Sa binne Urk 5 en Genemuiden 4 der by wei en sitte û.o. TOP 2 en Woudsend 3 der net mear by. Ek sitte der no net mear 12 teams yn dizze kompetysje, mar 10. Dit betsjut dat de mannen in pear sneonen hawwe om te bekommen. De kompetysje-yndieling sjocht der no sa út:

AVC 3
ONS Boso Sneek 3
Tzum 1
Scharnegoutum’70 2
Franeker SC 2
Zeerobben 4
Joure SC 3
SDS 3
Makkum 3
Leeuwarder Zwaluwen 4

SDS 3 yn Tsjomsds-3-yn-tsjom

SDS 3 hat juster yn Tsjom fuotballe en dêr ferlern mei 2-0 fan Tsjom 1. In soad SDS’ers wienen op de fyts kommen, dus dat betsjutte dat je noch net nei hûs hoefe as de kantine yn Tsjom tichtgiet. Dan kinne je moai yn it doarp noch efkes ien keapje.

SDS-hockey

It nije keunstgers yn Easterein wurdt net allinnich wurdeare troch de fuotballers. Der waarden juster ek al hockeyers spotten op it sportkompleks.
sdshockey

Harsens derby (1758)

Toedeloe!!
Wat in goal!!