Utslaggen sneon 10-3

Seleksjes sneon 10-3
9 maart 2012
Weppers snein 11-3
11 maart 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

    utslach
9:00 SDS D1 – LSC 1890 D2  3-2
9:00 SDS D2 – Zeerobben D4  2-1
10:15 SDS C1 – Hielpen C1  3-1
10:15 SDS E1 – TOP’63 E1  7-1
10:15 SDS F3 – GAVC F6  5-4
11:10 SDS E3 – Irnsum E3  5-1
11:15 SDS F1 – EBC/Delfstrahuizen F1  3-5
12:00 SDS A1 – VWC A1  1-2
12:10 SDS E5 – JV Bolsward E6  5-1
12:15 SDS F4 – Scharnegoutum’70 F4  1-5
14:00 SDS 2 – Oeverzwaluwen 2  1-3
14:00 SDS DA1 – Oudega DA1  7-4
16:00 SDS 3 – Rood Geel 2  2-2
16:00 SDS 4 – Olde Veste’54 6  0-1
9:00 Balk D3 – SDS D3  2-3
9:00 Woudsend E1 – SDS E2  1-2
9:00 Oudega/HJSC F2G – SDS F2  11-0
10:00 IJVC F4 – SDS F5  4-7
10:00 VWC F3 – SDS F6  0-2
10:15 NOK E3G – SDS E4  0-2
10:30 Oosterlittens C2 – SDS C2  1-3
12:00 SSS’68 2 – SDS 5  0-3
14:30 ONR 1 – SDS 1  4-0

EB – EB
Eindelijk was het zover: 30-40-50-plus voetbal. Nieuwe schoenen, oude schoenen, tweedehands scheenbeschermers, veel zin en vooral angst… Ja, want Andre heeft twee van ons wel op het scheidsrechterschema gezet en jarenlang geen actief voetbal gaat je niet in de koude kleren zitten, blessures liggen op de loer. Gelukkig was Ferry er ook, die voor twee wedstrijden fluiten gepland staat, dus ook reden heeft om rustig aan te doen!! Aant heeft een mooi f-puppillenveld uitgelegd en met hulp van de betere A1 spelers konden we starten. We, zijn initiator Aant, Pieter, Durk, Ferry en o.g. aangevuld met Jan Friso, Dirk en Redbad. Hoewel we op een F-veld speelden kregen we na 20-minuten nog geen pauze. Op het tandvlees haalden we drie kwartier. Machtig gevoetbald, lekker tempo, passend bij de leeftijd en af en toe een sublieme actie tussendoor. Volgende week weer. Wie ook wil is welkom op vrijdagavond om half acht op de Skoalleseize!!   
Tjerk

ONR 1 – SDS 1   4-0
Wij hawwe allinne de útslach trochkrigen en hawwe fierders net befestigde berjochten oer read. Mar dat kinne wij ús net foarstelle. Ferslach mei foto’s is hjir te sjen

SDS 2 – Overzwaluwen 2 1-3
By de mannen fan SDS 2 siet nei de wedstryd in spook oan de tafel…………… it degradaasjespook. De wedstryd tsjin Oeverzwaluwen waard mei 3-1 ferlern en nei 15 wedstriden en 5 punten wurdt it no wol hiel dreech om yn de Reserve-1e-Klasse te bliuwen. 

SDS 3 – Rood-Geel 2 2-2
In goeie kâns fan SDS oan it begjin fan de wedstriid waard net benut en Rood-Geel komt op 0-1 troch in eigen goal fan Bote. Út in korner fan Sytze kopt Willem de 1-1 binnen, mar krekt foar de rêst komt de koprinner út Ljouwert dochs noch 2-1 foar. Yn de spannende twadde helte makket Pieter út in penalty 2-2 en pakt SDS 3 netsjes in punt.

SSS 2 – SDS 5      0-3
Fan (PSV supporter) lieder Harm Auke moasten wij foaral de oandacht freegje foar (PSV supporter) doelman Gert Jan. Hij kearde in oantal sekere doelpunten. Sels makke SDS 5 wol 3 doelpunten: Jappie 2 en Harm Auke 1.

SDS C1 – Hielpen C1   3 – 1
Al twee keer eerder maakten de havenstedelingen het ons lastig dit seizoen. Ook vandaag was de tegenstand groot. Een verdiende 1 – 0 stand door Lourens bij de thee, al was dit ook mede te danken aan een superredding van Gert-Jan. Na de pauze veel balbezit op de helft van Hielpen, maar de juiste pass kwam steeds niet. De uitvallen van Hielpen werden steeds gevaarlijker en vlak voor tijd een terechte penalty tegen die de 1 – 1 opleverde. Hierna gingen de kopjes van C1 juist omhoog. een fantastische pass van Piter werd al even fantastoisch afgerond door Almar, klasse. Lourens zorgde uiteindelijk nog voor algehele rust door de 3-1 binne te tikken. Het was zwaar, maar we zitten nog steeds op schema! 
Tjerk

SDS Da 1 – Oudega Da1     7-4
Nei goed 20 minuten stie der al in 3-3 stân op it fiktive skoareboerd. Tarina kearde noch in strafskop en de einstân waard 7-4. Doelpuntenmaksters wiene Sieta, Antje, Joutsen (3) Jitske en Jildou. Dat lêste doelpunt giet de boeken yn as de moaiste lob fan de 10 maart.

SDS E1 – TOP E1     7-1
De ploegen wiene yn de earste helte aardich oan elkoar weage. De better kânsen wiene foar SDS mar de doeljonge fan TOP joech gjin belies.
Nei it skoft in konsintrearre SDS en nei in Messiaanske aksje fan Sjoerd de Boer koe Steven de earste skoare. Dat joech moed foar it ferfolch want der waard mei fertrouen kombineard en de doelpunten foelen as ripe appels. Prachtige doelpunten mei ûnder oaren in skitterjende  kopbal fan Hendrik van der Eems.  Moai wie ek dat der no ek oandacht wie foar de ferdigjende taken en mei Kent van der Schaar as lêste man  bleaun it fuotbal der yn.  Moai dien mannen, dit jout moed foar it ferfolch.

NOK E3G – SDS E4 0-2
De hiele wedstryd hast op de helte fan de mannen út Nije- en Âldemirdum, mar goals ho mar. De beste kâns yn de earste helte wie úteinlik sels foar de NOK’ers, mar Stijn pakte de bal knap. Eeltsje en Douwe-Jan makken der terjochte 2-0 fan en soargje derfoar dat E4 de twadde helte fan it seizoen goed begjinne. NOK-out: 3 punten.

Mei 3 punten werom ut Munnikebuorren!
Ietwat ûnwennig en mei soms wat gespannen kopkes, mar elts op syn eigen manier enthousiast binne we mei   9 nije F-kes yn  5 auto’s fan’e moarn opwei gongen nei Munnikebuorren. Sa kom je nochris ergens!

Mei tom-tom foarop koene we moai optiid de 9 spliksplinter nije shirts ut de tas helje en ús klear meitsje foar ús earste echte wedstriid. In pep-talk wie net nedich, de bern hiene der sin oan!

Al gau kamen we der  efter dat it ek foar VWC de earste wedstriid yn de kompetysje wie en dat wie foar ús (as âlders) al in hiele gerêststelling. De teams wiene dan ek moai oan elkoar weage.

Troch de grutte klút bern om de bal op it middenfjild wie der  earst foar beide keepers net safolle te dwaan. Mar it fjild waard nei in skoftke spyljen lokkich steeds grutter en kamen der ek  de earste kansen.

Sybrand  makke krekt foar de rust de 0-1. Opdracht foar de wedstriid wie dat as der in doelpunt kaam foar ús, moesten se dat yn Easterein hearre kinne. Dat is fest wol slagge!

Nei de limonade, koekjes en bananen  (moatte we no nog in kear??)  gongen we steeds better fuotbaljen en kamen we ek goed yn de wedstriid. Kreten as “sakje litte” waarden der al fan de kant ropt, lokkich lieten de freegjende kopkes neat sakje en moatte we it der nog mar is op de training oer hawwe wat der precies mei bedoeld wurdt

Troch in pear kansen fan de kant fan VWC koe Marrit ek eefkes sjen litte dat froulju ek hiel goed keepe kinne. Hjir troch koene we de 0 hâlde en makke 10 minuten foar tiid Ruben de beslissende treffer 0-2! Dit koene we net mear ut hannen jaan fansels en wie ús earste oerwinning in feit. Yess!!

Nei de penaltys die we ek winnend ôfsluten koene, gongen we yn de feeststemming ûnder de douche, knibbels waskje.

David Douwes, Jorrit van der Velde, Jort van der Meulen, Marrit Hiemstra, Niels Hiemstra, Redmer Stegenga, Ruben Fennema, Sybo Wiersma en Sybrand Vellinga, toppers, dizze earste oerwinning fan jim earste wedstriid pakt net ien jim of!  De shirts sit al yn de waskmachine, nije wike gean we der wer foar!
Liesbeth Bootsma