Weppers snein 11-10

Ut- en ferslaggen 10-10
9 oktober 2009
Weppers moandei 12-10
11 oktober 2009

Nije Treffer
As it allegear wat goed giet dan falt dit wykein de Treffer by jim op ‘e doarmatte. Spitich genôch is der blykber wat misgien mei de siden fan de sponsers. Sa misse der in pear. Wy hoopje it sa in bytsje goed meitsje te kinnen:



KLUSSEN- & HANDELSBEDRIJF
JAAP VAN DER VELDE



Lêst wêrfan?
Ralph Wariman siet net foar neat op de wissel by SDS 3. Leider Jan Stenekes lei it goed út foar de wedstryd. Ralph siet op ‘e bank om ’t hy lêst hie fan syn knibbel. By de grutte manne-w.c. kamen wy Ralph tsjin en fregen as hy echt sa’n lêst hie fan syn knibbel. “Nee”, sei Ralph, “ik haw lêst fan myn ankel”. “OK, mar Jan sei dochs dasto lêst hiest fan dyn knibbel?”. “Oh, ja, ik haw al lêst fan myn knibbel, ynderdaad………….”

SDS – Nijlân-pool
Meinte Wesselius die krekt foar de wedstryd noch gau in foarsizzing. Hy sei: “by de rêst 1-2, einstân 2-4”. Hy siet der mar 6 goals nêst lykas in hiel soad oaren. Lolke Bouma siet der noch it tichst by mei in 0-0 rêststân. Úteinlik hie dus net ien it goed en bliuwt de pot stean oan ’t de folgende kear. 

Wa? Rêststân Einstân
1 Sybren de Jong (IJVC)  1-1  3-1
2 Wichard Deinum  0-1  1-4
3 Lolke Hofstra  1-1  2-1
4 Tsjalling Sikma  1-0  1-0
5 Lolke Bouma  0-0  2-1
6 Popko Wijnia  0-1  1-3
7 Johan Feddema (ONT)  2-0  2-3
8 Hans Kooistra  0-2  1-5
9 Ate-Feike de Boer  0-2  2-3
10 Jaap Toering  1-0  2-0
11 Teade de Boer  1-2  3-3
12 Sjoerd van Beem  0-2  2-2
13 Marten van der Kamp  1-2  1-3
14 Bouke Poelsma  1-1  1-3
15 Willem Wijnia  1-1  2-2
16 Jappie de Boer  1-0  1-3
17 Dirk de Jong  0-1   2-1 
18 Hendrik “hâldt wol fan in gokje” Engbrenghof   2-0  0-2 

Op de fyts

Op dizze foto fan Henk Bootsma sjogge jim Jaap Toering, de doelman fan SDS 1. Mar wij sjogge ek Ate Vellinga stean. De iensume supporter op de Bunnikside. En sa te sjen  is Ate op de fyts kaam.

Pupillen fan de wike
Ek sneon wien der wer twa pupillen fan de wike. Henk Bootsma knipte fansels in foto mei harren favoryt.

Peter Hoogervorst mei Jacob van Wieren


Hendrik van der Eems mei Feite de Haan

Rûnom Easterein
Fannemeiddei  (15.00 oere) is der wer in evenemint yn Easterein. Spagnetty ite en hurdfytse. Dêrnei bekomme mei Special Treatment en bier. Om al fêst yn de sfear te kommen,
hjir de fotoreportaazje fan Henk Bootsma fan ferline jier.

“De moaiste hast-goals” (7)
In knappe solo is yn it fuotbaljen fansels moai, mar dit is miskien noch wol moaier. Cassano en Totti wienen yn de tiid dat sy tegeare by AS Roma tige opinoar ynspile. Sjoch hjir mar ris: