Weppers snein 1-7

Weppers sneon 30-6
29 juni 2012
Weppers moandei 2-7
1 juli 2012

Sporte
In oantal fuotballers fan SDS dy fine simmers wat oars út fuotbalje. De measten dêrfan dy keatse, omdat wij no ienkear yn it keatsgebiet wenje. Se binne der ek dy libje hast yn it swimbad yn Wommels en mei de Slachterin haw wij sjoen  dat draven ek wol yn de merk leit.  Se binne der ek dy’t alles kombineare. Swimmen, fytse en drave. Yn Stiens bijgelyks wie dit wykein in 1/8 triathlon. En op
nû 89 sjogge wij in SDS-er.

Sc Hearrenfean yn Aldegea GS en Aldegea SWF
Kommende freed sil sc Hearrenfean foar it earst oefenje. Dat bart op it fjild fan de Wâlde yn de buert fan Aldegea (Gaasterlân Sleat).
Wa’t dit misse moat krijt noch in kâns, want op tiisdei 17 july spilet scH. wer yn de buert want se sille dan tsjin Waasland Beveren op it fjild fan Aldegea (foarhinne Wymbritseradiel) spylje. De wedstryd begjint om 19.00 oere.

Finale
Jûn is de finale op it EK en wij besykje alfêst wat yn de stimming te kommen. Mei
dit filmke slagget dat hiel goed. ….tietie  teitie…..tietietietet

Ek League
It sil jûn spannend wurde yn de EK leaugue fan SDS. It kin best wol op in ferrassing út draaie want de kampioen goed foerspelle levert 40 punten op.  En yn ús poule hawwe in oantal Italie as kampioen foarsein:  3 %.  
15 % seach it altiten al yn Spanje sitten en de rest hellet seker dy 40 punten net.   Wij binne benijd.

Kont derôf?
No ’t der wy efkes in pear dagen frij binne fan it EK-fuotbaljen tinke je nochris nei oer de nammen fan al dy fuotballers. Kokki ferbaasde him mei nammen oer Coentreau: “Gekke namme heit, Koentderau”

Dûnsje
Inkelde SDS’ers blike wol aardich dûnsje te kinnen. Fansels dogge sy dat al yn it swart-wyt.

Harsens derby(801)
It is te hoopjen foar Buffon dat hy de útslach fan jûn al goed foarsein hat. Oars koe it him wol wer ris in pear roleksen koste:




Letter miskien wol mear!