Weppers moandei 2-7

Weppers snein 1-7
1 juli 2012
Einstân SDS EK-League
3 juli 2012

Bote wint de SDS EK-League
Bote Strikwerda is winner wurden fan de SDS-EK-League. Trochdat hy Spanje as Europees Kampioen seach giet hy in hiel soad minsken foarby yn de stân. Foeke Reitsma waard hjirtroch 2e, Grietzen Broersma 3e, Hammie Westra 4e en Peppi & Kokki falle krekt bûten de prizen mei harren 5e plak. “Bulder” sakke hjirtroch nei it 6e plak.
De Strikers fan Dooitze Nauta binne lêste wurden. Mei dizze poedelpriis kin hy moai meidwaan oan it Tourspul.
Sjoch hjir foar de einstân (gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
1e priis: €100,-
2e priis: €75,-
3e priis: €50,-
4e priis: €25
Poedelpriis: €5,-

SDS-jubileum
Op de foarside fan dizze SDS-side kinne je fanôf hjoed sjen hoe lang it noch duorret foar ’t SDS 65 jier bestiet:
Noch oan ’t it jubileum!

Broadsje gehaktbalotelli
Dat wy justerjûn allegear in broadsje gehakbalotelli hân hawwe hat úteinlik neat opsmiten. It wienen úteinlik de Spanjolen dy ’t gehakt makken fan de Italjanen…….
Permalink voor ingesloten afbeelding

Fine wy wol leuk


Ek net ûnaardich


Alderaardichst

Neat mis mei
Balotelli

Harsens derby (802)
Yn Japan sjogge sy wat tefolle tillevysje: