Weppers snein 1-3

Útslagen sneon 28-2
27 februari 2009
Weppers moandei 2-3
2 maart 2009

Tinus
Hjirby efkes in berjocht oer de sûnens fan Tinus. 
It wie allegearre efkes skrikken sneontemoarn. Lokkich giet it no wêr in stik better.
Tinus leit op’t stuit yn’t sikenhús yn Snits (keamer 41)
It giet knap mei him. De diagnose is in longontsteking.
Sa’t it no liket moat hij der in wike bliuwe.
Tinus docht eltsenien de groeten. Letter dizze wike mear……… 
Groetnis,
Tiny, Robert, Tineke, Marco, Lysbeth en Christian

Neat heard
“Oars es-em-esto altyd gelyk werom” seit Tsjalling sneon tsjin Gert-Jan. “Freed nei PSV- Hearrenfean die der it seker net?”

Assistint skiedsrjochter

Sa heare wij de persoan te neamen dy’t flagget. Wij knipten in unyk plaatsje: Wichard Deinum stie sneon te flagjen. Net bij SDS mar bij Bolswardia. Wij hawwe gjin klachten heard en geane der fan út dat hij de stap nei SDS as assistint skiedsrjochter no ek meitsje kin.

Ambu

Sneon wie der helaas wer wat fuotballijen op de Skoalleseize. Bij trije útploegen rekke der immen út. Bij Mulier B-s immen mei in skeinde noas, bij Bolswardia 4 mei in earnstige knibbelblessure en bij Foarút 4 in stevige ankelblessure. Bij de lêste twa wie it yn alle gefallen in eigen ûngelokkige aksje. De sikenauto hat de Bolswardia spiler ophelle.

Kredytkrisis

De kredytkrisis slacht oeral om him hinne. Seker at je it der hieltyd oer hawwe. Ek de AOW-ers fan SDS moasten sneon in “hapke” werom dwaan. Yn stee fan allegear in blêd mei bitterballen hiene se no mar ien blêd meielkoar.

Chris

En dêr wie hij wer. Chris Resing, de kenner fan it amateurfuotbal fan Nederlân, hie Nijlân-SDS útkeazen op dizze sneon. En fansels woe hij ek noch efkes yn de nije kantine sjen yn Easterein en bijprate mei Erik Haitsma. Dizze kear hie hij in Oeverzwaluwen sjaal om.

Kuorkebalje
Je hawwe kuorkeballers en fuotballers. Fuotballers kin better kuorkebalje dan kuorkeballers fuotbalje kinne. Sjoch mar ris: