Weppers moandei 2-3

Weppers snein 1-3
1 maart 2009
Weppers tiisdei 3-3
2 maart 2009

Nijland 1 – SDS 1
De measte SDS’ers sille net graach herinnere wurde oan de wedstryd fan ôfrûne sneon tsin Nijland 1. Dochs moatte wy melde dat op de webside fan Nijlân ferskeidene foto’s te finen binne. Opfallend is dat sy it yn de foarbeskouwing op de wedstryd hawwe oer “SDS út Wommels…………”. Of soenen sy dêrmei SDS 1 op skerp setten hawwe wolle? Dit is dan net slagge…….

SDS F4
Ôfrûne sneon mochten de mannen dan F4 foar it earst “echt” fuotbalje. Der kin sprutsen wurde fan in slagge debút, ûndanks it ferlies tsjin Warga F4 mei 7-1. Hjir de mannen fan F4:

Sjoch hjir foar de portretfoto’s makke troch Robert Schildkamp.

Slotjûn jeugd
De slotjûn foar de jeugd is dit jier op freed 8 maaie. Set it mar fêst yn de aginda.

Aginda
De KNVB hat de aginda foar de kommende 4 wiken wat SDS oangiet ek wer klear. Klik hjir om it te besjen. SDS 1 – VHK 1 wurdt no ynhelle op sneon 21 maart.

Assistent-skiedsrjochter
Sûnt jannewaris is Douwe-Dirk Reitsma as assistent-skiedsrjochter aktyf. Sis mar in pear treden heger as Wichard, want ôfrûne sneon wie hy aktyf yn de Haadklasse by de wedstryd tusken Rijnsburgse Boys – ARC.


Poiesz-jeugdsponseraksje

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje

Gjin degradaasje?
Sneon melden wy dat Stoffel net fuotbalje koe om ’t hy degradere moast. Dit foel wat ta. hjir Stoffel syn reaksje:

Fansels net! Ik ha wol ris faker gelok hân. Sjoch ferslach Boalserter krante as op de web friesdammen.nl 
Stoffel

Foutsje
Foar wa ’t sneon net by Nijland 1 – SDS 1 west hat hjir noch efkes de goal fan Arnoud Koster nei oardel minút: