Weppers pinkstersnein

Útslagen sneon 26-5
25 mei 2012
Weppers pinkstermoandei
27 mei 2012

Foto’s…foto’s….foto’s
Wij kinne ús hast net foarstelle dat der noch minsken binne dy’t juster bij de heit en-soan wedstriden fan D1 en C1 en bij SDS 1 wiene, net op ien fan dizze 490 foto’s stiet. Johan Heerma hat wat ôf klikt en it resultaat kinne jim
hjir sjen.

Lokwinske
Tjitze Postma (E2) hie juster syn jierdei. Hij wurdt fan herte lokwinske. Hij is no 10 jier.

EK Pool
De earste oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar it kin folle better. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne
hjir sjen wêr’t jim dat dwaan kinne en hoe. En nei de wedstriid fan justerjûn hawwe jim der miskien wol wer wat mear sicht op krigen wat de kânsen binne.

Ferdwûne weppers
De weppers fan tiisdei, woansdei en tongersdei binne noch altiten net werom. Wij hawwe sels mar in oantal op nij skreaun en pleatst en freegje foaral oandacht foar
woansdei want dêr steane in oantal leuke foto’s dy’t wij krigen hiene fan Jacomien Heeres.

Ferslaggen
Fan de wedstriden fan juster binne in oantal ferslaggen binnekommen dy’t jim
hjir lêze kinne.

Makkum 1 -SDS 1
Kommende sneon is de weromwedstriid fan Makkum 1 – SDS 1. De wedstriid begjin om 15.00 oere en neffens de Makkumers is de 3-1 te min foar SDS. 

In bear op de Terp

Yn Wommels wiene se sneontemoarn op syk nei Rudy Dijkstra, want it wie hast syn lêste frijgeselledei. Se koenen him net fine. Wol rûn der in bear op de Terp en mei gefaar foar eigen libben wist Hendrik E in foto te meitsjen.

SDS 4 op stap

Foar SDS 4 sit it seizoen der hast op. Hjoed noch efkes hiel fersichtich wekker wurde op de kamping yn Amsterdam en dan wer mei de trein nei hús. Sa te sjen hiene se it justermiddei goed nei de sin.