Útslagen sneon 26-5

SDS EK League 2012
25 mei 2012
Weppers pinkstersnein
27 mei 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700

 

      útslach
9:00 SDS E3 Balk E5  10-1
9:00 SDS E4 Oosterlittens E4  3-2
10:10 SDS F2 Woudsend F1  5-8
10:10 SDS F5 LSC 1890 F9  4-2
11:15 SDS D4 CVO MD1  g.n.t
11:15 SDS E5 LSC 1890 E10  3-2
12:00 SDS B1 Heeg B1  2-1
12:30 SDS DA2 Foarut DA1  7-1
14:30 SDS 1 Makkum 1  3-1
14:30 SDS DA1 Oosterlittens DA1  3-3
       
9:00 ONS Sneek F3 SDS F1  0-5
9:00 Scharnegoutum’70 E1 SDS E1  6-2
9:30 SWZ D4 SDS D2  1-5
10:00 Renado/VVI F5 SDS F4  g.n.t.
10:30 Drachtster Boys C6 SDS C2  3-6
11:00 Workum F8 SDS F6  2-3

SDS 1 – Makkum 1  3-1
Jacob van Wieren skoarde trije kear. Bij Makkum waard der ien útstjoerd en SDS spile de wedstriid ek út mei 10 man, omdat der net mear wiksele wurde koe, nei it útfallen fan Dirk Yde. It wie waarm, der wiene net folle minsken, ek net folle kânsen en skiedsrjochter Kraak wie der wol. Nije wike om 15.00 oere sjen wat it wurdich is.

SDS Da 1- Oosterlittens Da 1  3-3
Spanning en sensaasje. Krekt foar de ein stie SDS noch mei 3-1 efter, nei in rêststân fan 1-1. Doelpuntenmakkers wiene Jildou, Manon, Marije H.
Wij tinke dat Pieter Veenje thús bij oan it kommen is mei in skorre kiel.

SDS Da 2- Foarút Da 1   7-1
Dat waard oan de stân te sjen in oerrinnerke: Doelpuntenmakkers wiene Joutsen, Dagmar, Sietske , Sanne Rixt (2), Susan. Maricela.

10.15 SDS D1 – De heiten
Om 10.15 fuotbalje de mannen fan D1 tsjin harren heiten. Dit liket in makkie foar de mannen fan D1, mar út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat de heiten in troef ynsette. Dit soe om in spiler gean dy ’t fuotballet yn de Ajax-jeugd. Wy binne benijd.

16.30 SDS C1 – de heiten
Als stand-in coach, voor de niet- te- overtreffen Tjerk, waag ik toch  een poging in zijn schrijversvoetbalschoenen te staan.
De C1 -ers waren absoluut niet van plan weer te verliezen, al had het daar in de 1e helft wel wat van. De heiten waren nog fris en fruitig en konden het befaamde combinatiespel van C1 bij tijd en wijle doorbreken. Waarschijnlijk moeten dat toch toegeschreven worden aan de rondzwervende PAPArazzi  die de concentratie uit het spel van onze ploeg haalde. De thee was koud in de pauze en de stand was 1-0, doelpunt Laurens. In de tweede helft bepaalden  de heiten het begin,een goal van Christiaan en Jan-Bouke en uiteindelijk de young ones het eind ,Pieter S. (2x) en Remon: 4-2!!!
 
Alle respect voor de heiten : inclusief trainers Remco, Boudewijn, Cristiaan en begeleider Tjerk.
 
een gelukkige stand-in-coach
Jacob

Efkes Balje
The Boss (Bruce Springsteen) spilet  sneintejûn yn Keulen en moandeitejûn op Pinkpop. Der binne echte leafhawwers dy’t nei beide konserten gean. Sokken soene je echt wol Bruce neame kinne. Dat dogge wij dan dus ek mar. Us Bruce wie yn fan de 8 dielnimmers oan Efkes Balje. It aaismiten hold toppers as Eeltje en Marije op de Terp.
Us Bruce is ûnfersetlik, lykas de Boss jout hij lieding oan it jongste team. Hij moast er sels foar op knibbels om de dreechste bal der yn sels yn te koppen. De aaklikste ballen krige der betiden oanspile mar hij rêde him der mei.
It wie net genôch foar in oerwinning. De âldsjes hiene op de ein krekt wat oer en de winnende waard troch de alderâldste (mei burd) ynkopt en hij hoegde der net iens foar de knibbels.  Foar ús Boss bleau oer it goeie gefoel dat je net alles ha kinne, mar dat hij de kommende dagen wol twa kear 
“dûnset yn it tsjuster”.

C2 kampioen
De strijd ging tussen Blauw wit 34 C5 en SDS C2. In de onderlinge duels hadden beide teams al een keer verloren van elkaar dus bleef het spannend. Tot de laatste wedstrijd van SDS C2 op 19 mei bleef het doelsaldo belangrijk. BL.Wit moest met 11 doelpunten verschil winnen, om kampioen te worden. Een week later op 26 mei speelde Bl.Wit om 9:00 bij Easterlittens C3. Er werd gewonnen met…. 0 – 1. Hierdoor kwamen ze 10 doelpunten te kort.
 
Zaterdagmorgen om 9:15 vertrok SDS C2 naar Drachten voor een “spek en bonen duel” om des keizersbaard. Vlak voor de wedstrijd belde de “suporters” Tineke en Petra op vanuit Easterlittens met het resultaat. SDS was Kampioen, een groot gejuch steeg op en de wedstrijd kon worden begonnen.
Martijn, Wiebe, Rienk en Bote zaten op de bank, uhhh lagen in het gras. De “bank” was wegens de crisis wegbezuinigd bij Drachten, maar dat deed niks af aan de wedstrijd. Een vreselijke mooie goal van Wietse, en een formidabele knal van de superspelende Roan waren de hoogtepuntjes uit de wedstrijd. Winst van 3 – 6 mee naar huis, om daar feest te vieren.
 
Mannen van SDS C2 grote klasse hoe jullie als team en vrienden van elkaar hebben getraind en gespeeld. Iedereen heeft op zijn eigen manier een bijdrage geleverd aan dit kampioenschap. Ook onze gastspelers bedankt voor hun bijdrage in ons team.
Wiebe, Martijn, Wietse, Rienk, Bote, Jesse E, Jesse J, Tjerk, Marco, Olger, Stefan, Jitze, Krist, Jorrit en Roan hartelijk bedankt voor de geweldige en plezierige samenwerking met jullie. We hebben veel gelachen, maar er is ook vaak en hard gewerkt. Ook Tom, Ronald en Dirk bedankt voor de fijne samenwerking, het ging als een trein.
Berrie bedankt voor de speciale trainingsarbeid en samenwerking, ik heb er van genoten.
 
Na 13 jaar als leider en/of trainer neemt Andre afscheid met zijn 4e kampioenschap (F2, E1, D3 en C2). Je moet stoppen op je hoogtepunt wordt er gezegd, nou bij deze. Jongens allemaal bedankt voor het vertrouwen wat we kregen, ouders geweldig hoe jullie meeleefden.
André

 
Veel succes met jullie voetbaltoekomst, en een mooie zomervakantie toegewenst namens de gehele staf van de C2.

Noch in kampioen
It kampioenskip fan SDS C2 is fierd, mar yn Ljouwert bij Blauw Wit ’34 de direkte konkurrint tinke se dêr hiel oars oer.


F6 slút it seizoen ôf mei in “killer” fan in wedstriid.
Hjoed gie de reis nei Warkum. De thúswedstriid hiene we wûn mei 2-1 dus we wisten dat we wer oan de bak moasten. De earst helte reinde it kânsen foar F6 mar de bal mocht der net yn. Warkum krige ien kâns en dy gong der yn. Dus by rêst 1-0 efter. Marrit en de mannen hiene yn it skoft reuze toarst dat se dronken hast in hele tsjettel ranja leech. En dat die hun goed want gelyk nei de rêst makke Ruben 1-1. En doe gie de striid echt los… Warkum makke 2-1, en dernei skoarde Redmer 2-2. David stie te keepen dat syn libben der fan ôfhong en SDS sette steeds mear druk. Ballen op’e peal, korners dy der hast ynkopt waarden, en doe…… in ôfstandskot fan Ruben. en dy gong der yn!!! Mei 3-2 winst hiene we in moaie ofslúter fan it seizoen dus F6 hie in lekkere iisco fertsjinne.
Tiede